By LTO Noord slaan de plannen foar stikstofreduksje yn as in bom

Foarsitter Trienke Elshof-Witteveen fan LTO Noord © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
LTO Noord fynt de kabinetsplannen om de útstjit fan stikstof yn guon gebieten flink nei ûnderen te bringen ûnakseptabel. "Ik tink dat it wol in 'klein bommetje' is", seit Trienke Elshof.
Op guon plakken yn Nederlân soe de útstjit wol mei 70 persint ôfnimme moatte. Fryslân komt der noch aardich foar wei mei de eask om de útstjit mei sa'n 20 persint werom te bringen. Dat is leger as de 25 persint dy't ferwachte waard. It kabinet makket takom wike offisjeel de plannen bekend, mar in part lekte al út.
Minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof joech earder oan dat yn 90 fan de 162 beskerme natuergebieten de natuer yn in minne steat is. De feesteapel soe dêrom sa'n 30 persint lytser moatte.
Stikstofplannen slaan yn as in bom
"Wy wiene al net gerêst op wat komme soe. Dizze minister hat der nea omhinne draaid dat der rigoereus yngrepen wurde moat", seit Elshof fan LTO Noord.

"Net te akseptearjen"

De agraryske sektor skrikt neffens har fan de plannen. "Dit is yngripend, yn guon gebieten sels 80 persint reduksje. Dat is foar ús net te akseptearjen, sûnder dat wy antwurd krije op de fragen dy'w wy hawwe oer hoe't wy dit dwaan gean en wat it perspektyf foar de boer is."
LTO hat in brief nei Den Haag stjoerd om oan te jaan dat sy sûnder perspektyf net in soad kinne mei de plannen. "Der wurdt stjoerd op doelen dy't net helber binne. Op dit stuit hawwe wy noch hieltyd gjin antwurd op wat te dwaan mei de bedriuwen dy't net in jildige fergunning hawwe. dêr wurdt op 'e nij oan foarbygien. Wy litte de boeren op 'e nij yn ûnwissens."
Foarsitter Trienke Elshof-Witteveen fan LTO Noord
De 20 persint foar Fryslân, dêr is sy ek net wiis mei. "It liket in tafaller, mar de minister leit in grutte opjefte del by de provinsjes. Foar Fryslân pakt it miskien geunstich út, mar foar oare provinsjes is it ekstra soer, as sy in stapke ekstra sette moatte." Boppedat is neffens Elshof noch net bekend hoe't it lokaal yn spesifike gebieten komt.