Resinsje Jou my wjukken: In kwestje fan balâns

Henk te Biesebeek beskôget © Omrop Fryslân
Dêr't in lytse mienskip grut yn wêze kin. Jobbegea lit dat sjen mei de iepenloftfoarstelling Jou my wjukken, basearre op de ferneamde film As it is in heaven. Mar de artistike kwaliteiten dy't it komplekse senario easket, wurde dit kear spitigernôch net wiermakke.
Dochs ha regisseurs Tine Bijlstra en Trienke Bron hiel bewust foar dit stik keazen. Sa fertelden beide earder yn it programma Op en Ut by Omrop Fryslân: "It giet ommers om in sletten mienskip. Dat binne wy hjir yn Jobbegea en omkriten ek wol in bytsje." Dy mienskip hat te krijen mei in ynkringer, dy't alle maatskiplike regelmaat én foaroardielen op 'e kop set. Ek dat moat ús net frjemd oerkomme."

Konfrontaasje

De Fryske bewurking fan de oarspronklik Sweedske film waard earder makke troch Tjerk Kooistra en Jan Schotanus foar it Jorwerter iepenloftspul. It ferhaal giet oer de ferneamde dirigint en fioelist Daniel Daréus. Op it hichtepunt fan syn karriêre wurdt hy troffen troch in hertoanfal. Om te werstellen beslút hy werom te gean nei syn bertedoarp.
Anne Jongsma spilet haadpersoan Daniël Daréus © Ferdivedaasje Jobbegea
It lokale koar dat graach oan in nasjonale sjongwedstriid meidwaan wol, ropt syn help yn om de sjongkwaliteiten op heger nivo te krijen. In emosjonele konfrontaasje fan Daniël mei syn âld-doarpsgenoaten en himsels is it gefolch.
Al mei al wurkje der sa'n santich minsken oan dizze produksje mei, in spilersensemble fan tritich folwoeksenen en tsien bern. Dat is allinnich mooglik tanksij de treflike gearwurking tusken de toanielferieningen yn Jobbegea en Hoarnstersweach. Leafst fjouwer yn totaal. Om de trije jier bringe dy dan meimekoar in iepenloftspul. In prestaasje fan komsa.

Talint

Mei safolle spilers op it poadium, hoewol't de kearnploech ta alve minsken beheind bliuwt, kin it fansels net oars dat net eltsenien útblinkt yn syn aktearprestaasjes. Lokkich bliuwt der genôch talint oer om fan te genietsjen. It knappe spul fan Margo Visser bygelyks, as de frou fan de dûmny, Tjalke Stoelwinder as de de brute man fan Gabriëlla. En de hearlik naturel spile rol fan Wytske Bylstra, dy't op oertsjûgjende wize de winkelfrou Lena delset.
De sjongles is oars as de koarleden wûn binne © Ferdivedaasje Jobbegea
De beide regisseurs ha foarôf gjin audysje holden, fertelden se by de Omrop. Se wisten krekt wa't hokker rol spylje moast. Typecasting dus. Yn dat ramt liket de kar foar Anne Jongsma en Nynke Bijlstra yn de haadrollen ek logysk. Der wurdt nochal wat fan har frege, mar beiden bleaune kreas oerein.
Wol bliuwt de fraach wêrom't Anne net eefkes in pear lessen fan in profesjoneel dirigint krigen hat. Sa't hy no wat 'hampelich' foar it koar stie, makke hy fan in wrâldferneamd dirigint in karikatuer fan himsels.

Technyk

Slimmer is dat de spilers gauris, nee te faak, troch de technyk yn de steek litten waarden. It hat gjin doel om de akteurs foar de fersteanberheid in mikrofoantsje op te plakken, as de skuven te let iepenset wurde.
Yntse Seinstra spilet de dûmny © Ferdivedaasje Jobbegea
En it kin dochs ek net de bedoeling wêze dat de lever kidelet wurdt, as Daniël krekt foar it beslissende optreden dea delfalt. It koar beslút dan as earbetoan oan de ferstoarne dirigint om dochs oan it konkoers mei te dwaan.
"Kom, litte we sjónge foar him", seit Harm de Jong dan, dy't oars in hiel knappe rol as winkelmanager delset. Mei de klam op 'sjonge' dus, wylst de klam fansels op 'him' lizze moat. De minsken om my hinne moasten der suver wat om gnize.
Nynke Bijlstra sjongt Gabriëlla's liet © Ferdivedaasje Jobbegea
It wie mei dêrtroch dat we op dy prachtige lokaasje yn it smûke boskteäter hast it idee krigen dat we net tsjûge wiene fan in premjêre, mar fan in try-out. Dêrfoar wiene gewoan noch te folle ferbetterpunten sichtber. En dat is spitich. Benammen omdat de foarstelling der yn totaal wol wêze mei.
De ploech spilet boppedat mei safolle ynset en wille, dat it publyk har skoan fermakket. Wat dat oanbelanget ek alle lof foar it dekôr. Mei inkele doeltreffende details op fjouwer sobere húskes wurdt de taskôger in hiel doarp foarspegele.

Balâns

"It is in kwestje fan balâns", wurdt it publyk yn lieten en sprutsen teksten kear op kear foarholden. As kearnwearde fan it deistich libben yn in fermidden fan emosjonele konfrontaasjes. Dy balâns wie yn de premjêre noch net hielendal berikt.