Eurokommissaris fan Transport: foarearst gjin Europeesk jild foar de Lelyline

Eurokommissaris Adina Valean fan Transport © ANP
Eurokommissaris Adina Valean fan Transport seit dat Nederlân foarearst net rekkenje kin op Europeeske subsydzje foar de oanlis fan de Lelyline.
Salang't dy nije spoarferbining fan 125 kilometer gjin ûnderdiel is fan it Trans-Europeeske Transportnetwurk TEN-T, komt de oanlis neffens Valean net yn 'e beneaming foar stipe út Brussel.
De Roemeenske Eurokommissaris die har útspraken by in wurkbesite oan de haven fan Rotterdam tsjin in ferslachjouwer fan de Europeeske nijssite Brusselse Nieuwe.

Noch gjin oanfraach

Valean hat ek noch gjin oanfraach fan Nederlân sjoen om de Lelyline ta te heakjen oan it ynternasjonale netwurk fan Europeeske haadtransportassen. Dat lêste is opmerklik, want de Twadde Keamer hat earder dit jier oan steatssekretaris Vivianne Heijnen frege om hjir wurk fan te meitsjen.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 © Omrop Fryslân
It inisjatyf om de Lelyline as nije ferbining ta te heakjen oan de Europeeske transportkaart moat neffens Valean nommen wurde troch lidsteat Nederlân. Yn it gefal dat it slagget om de Lelyline opnimme te litten yn it TEN-T programma, is de kâns op stipe út de subsydzjepot 'Connecting Europe' fuortendaliks in stik grutter.

Hiel Noard-Nederlân leech

It TEN-T-programma is ornearre foar trochgeande ynternasjonale ferbiningen dyt't twa of mear lidsteaten fan de Europeeske Uny mei-inoar ferbine. Yn Nederlân stiet de ferbining Amsterdam-Hengelo-Berlyn op de TEN-T-kaart, mar is hiel Noard-Nederlân leech.
De noardlike provinsjes fine dat de Lelyline ynternasjonale potinsje hat as flugge ferbining mei Bremen, Hamburg en Skandinavië, mar Dútslân sjocht - yn alle gefallen oant no ta - oars nei de noardlike spoarline nei Grins. Neffens de Dútske treinkaart giet it om in regionale ferbining.

Gjin reaksje ministearje

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat liet wite 'net op koarte termyn' reagearje te kinnen op de útspraken fan Eurokommissaris Valean.
Onno Falkena oer de útspraken fan Eurokommissaris fan transport Valean