Foppe Land fan Fryske punkband Strawelte: "Ik wie altyd like dwers"

Foppe Land © Noardewyn
Foppe Land sjocht werom op syn ferline. By hokker muzykgroepen hat er allegearre sitten en is er fan doel ea wer te spyljen mei Strawelte nei de lêste Wâldrockreüny yn 2018?
Foppe is, nei eigen sizzen, syn hiele libben al in echte dwersbongel. Sa begûn er syn skoalkarriêre op it ateneum en siet er binnen in pear moanne op de mavo. "Puer kramtried."

Punkers

Broer Klaas begûn de punkband Spoiled Sperm. Se spilen nûmers fan ûnder oare The Ramones en Cockney Rejects. It wie de earste punkband fan De Harkema. Punk wie yn it opkommen. De bruorren Land en harren freonen wiene de earste punkers yn de omkriten.
"It waard al gau in subkultuer mei ek punks en skinheads út Ljouwert en Drachten. De jonges hiene ferfier nedich. Dat waard úteinlik in lykwein, praktysk en goedkeap. Yn dy tiid soarge it foar opskuor."
Underwilens hie Foppe ek wat gitaarspylje leard en begûn er in eigen groep. "Trije akkoarden, plankgas en gean. Ik woe net oars."

Chickencatchers

De earste echte band dêr't Foppe yn spile, wie The Chickencatchers. "Efterôf gjin goede namme. By it pikefangen waard wol gauris belesting ûntdûkt. Dat soarge foar reuring. Hoe mear reuring, hoe better foar in band. Miskien lizze dêr wol myn reuringroots."
De band ûntstie yn jongereinsintrum It Koartling yn Bûtenpost. De gemeente Achtkarspelen hâlde de jeugd dwaande yn it kluphûs op De Harkema. Dêr waarden workshops jûn, ûnder oare muzykmeitsje.
Dêr trof Foppe de oare bandleden. Se giene nei It Koartling om te spyljen. Paul Alma hat de band op wei holpen. Hy spile gitaar. "Elkenien hie in ynstrumint, útsein ik. Dat ik bedarre efter de mikrofoan."
"It wie prachtich. Fan alle 250 punk-lp's dy't we hiene, koene we no sels nûmers útkieze om te spyljen."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.

Strawelte

"It wurd Strawelte hat gjin betsjutting. Dus is it de bêste bandnamme oait." Strawelte begûn as coverband. Al gau skreaunen se harren eigen teksten.
"Op in dei kaam de bassist binnen. Hy hie it basloopke fan 'Rizende simmermoarn' leard. Dat koe ik ek wol en ik raasde it mei. Dat fielde sa goed dat we fierdergien binne yn it Frysk. Dêrmei rekken we krekt de goede snaar, sa die letter bliken."

Legindaryske optredens

Strawelte hat hiel wat legindaryske optredens hân. De teksten wiene werkenber en dat soarge foar opskuor. "Alle teksten binne autobiografysk. Dat oersetten wie foar my hiel maklik."
Strawelte hat ek yn Litouwen west op toernee. "Dat hat myn kyk op 'e wrâld feroare. Ik seach yn, dat de westerske blik net altyd de goede is."
Doe't Strawelte ophâlden wie, ûntstie de band Klinkhamer, dy't Foppe mei Sietse van Essen oprjochte. Beide hiene ynteresse yn skapunk. Se besleaten dit om te setten ta in eigen band.
"It ferhaal efter Klinkhamer wie dat Hielke en Sietse fan de Kameleon folwoeksen wurden wiene en in band hiene. Wy spilen ek altyd yn overalls. Dat wie yn Fryslân net sa bysûnder, dêrbûten wol."
Nei in pear toernees troch Nederlân, hâlde Foppe ynienen op mei Klinkhamer.
"Ik wurke sechstich oeren wyks. Yn it wykein wiene we mei de band fuort. Ik wol der dan foar 110 prosint foar gean. Mar ik seach bandleden ôfslaggen nimmen nei paden dy't ik net begean woe. By Strawelte giene we der allegearre foar 100 prosint foar. By Klinkhamer wie dat oars."

Nuvere sipel

"Ik wie altyd like dwers en moast bûten de paden rinne. Ik die dingen dêr't eltsenien fan tocht: moat dat no sa?"
Foppe waard faak as 'oars' of 'nuver' sjoen. Hy hat dêr sels lêst fan ûnderfûn. Dat hat him derta set om ûndersiken dwaan te litten.
"Doe die bliken dat ik ADHD en in ôfwiking yn it autistysk spektrum hie. Ik bin derachter kaam doe't ik al wat âlder wie. Achteromsjend falt alles op syn plak. Fan a oant z is it te begripen. Myn brein wurket oars as in gewoan brein. Ik bin kreativer. Alles komt oars by my binnen en ik skeakelje oars. Ik hie it net earder wite wollen of moatten. Hjoed is hjoed."
Oft der nochris in optreden komt fan Strawelte? "Wy bepale sels wannear't wy spylje. It soe kinne dat wy takom jier wat dogge. Mar de kâns is grut fan net."