Friezen moatte it fierst reizgje foar pinautomaat

In man hellet jild út de muorre © Shutterstock.com (WorldPhotosadanijs)
Friezen moatte de grutste ôfstân ôflizze om by in jildautomaat te kommen. Ynwenners fan Opsterlân ha it it minst troffen.
Ut sifers dy't Omroep Gelderland opfrege hat, blykt dat de noarm yn Fryslân lang net helle wurdt. Dat jildt ek foar Grinslân.
De lanlike noarm is dat maksimaal 0,24 prosint fan de befolking fierder as 5 kilometer fan in jildautomaat wenje mei. Dy noarm wurdt krekt net helle: 0,33 prosint fan alle Nederlanners wennet fierder as 5 kilometer fan in jildautomaat.
Mar as dy lanlike noarm op Fryslân tapast wurde soe, wurdt dy lang net helle: hast 15.000 Friezen moatte mear as fiif kilometer reizgje om jild te pinnen. Dat komt del op hast 2,3 prosint fan alle Friezen.
De noarm jildt foar de ôfstân ta in jildautomaat himelsbreed. Dan wenje yn Súdwest-Fryslân de measte minsken op fierder as 5 kilometer fan in Geldmaat.
As sjoen wurdt nei de ôfstân dy't echt ôflein wurde moat, is de situaasje yn Opsterlân it slimst: dêr moat 21,5 prosint mear as 5 kilometer ôflizze om jild út de muorre te heljen.
Op Skylge en Flylân is de situaasje logyskerwiis better. Bewenners fan dy eilannen hoege noait fierder as 600 meter te kuierjen foar de Geldmaat.

Geldmaat: gruttere kearnen en doarpen

Geldmaat seit op de eigen webside dat de útsûnderingen har ûnder oare foardogge yn bûtengebieten, grinsregio's en op oare plakken mei mar in pear 'foarsjennings'.
"Inwoners zijn voor voorzieningen sowieso aangewezen op grotere kernen en dorpen in de omgeving. Geldmaat richt zich met locaties op die omgeving, omdat mensen het geld daar ook kunnen uitgeven."

De Nederlandsche Bank tefreden oer lanlike noarm

Om yn bygelyks Fryslân foar mear jildautomaten te soargjen, soenen der bygelyks provinsjale of gemeentlike noarmen komme kinne. Dat sjocht De Nederlandsche Bank net sitten, sizze se yn in reaksje tsjin Omroep Gelderland.
"De norm stellen per provincie, regio of gemeente zou betekenen dat er veel geldautomaten bijgeplaatst zouden moeten worden. Iets waarvoor geen draagvlak bestaat. Vanuit DNB zijn we tevreden met de huidige landelijke norm."