SC Cambuur hellet 2,5 miljoen binnen foar nije stadion: "Gigantische stap"

Ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen Noord en Oost
SC Cambuur hat in grutte slach slein mei it binnenheljen fan jild foar it nije stadion. In ûnbekende partij hat foar 2,5 miljoen euro sertifikaten kocht en jout de klup ek noch in liening.
Op it momint dat Cambuur septimber folgjend jier it nije stadion ynlûkt, moat de klup in bedrach fan sa'n 6 miljoen euro op it kleed lizze. Om dy sinten binnen te heljen, hat Cambuur yn 2018 betocht om sertifikaten út te jaan.
Foar 1.000 euro koe in sertifikaat oanskaft wurde. "Je bent met een certificaat officieel eigenaar van de club", fertelde finansjeel direkteur Gerald van den Belt by de lansearring fan it idee.
It pakket fan 2.500 sertifikaten dat de ûnbekende partij oanskaft hat, wurdt opdield yn twa stikken. De earste helte fan it jild is binnen en de oare helte folget op in letter momint.

Jout rêst

"Dit is een gigantische stap en dit geeft rust", seit algemien direkteur Ard de Graaf.
Projektûntwikkeler Van Wijnen hie in garânsje ôfjûn oan de gemeente dat it stadion ôfboud wurde soe, mocht Cambuur it jild net hawwe. De Graaf: "Maar dat wij dat nu zelf gedaan hebben in de vorm van eigen vermogen, geeft heel veel rust."
Earder sei algemien direkteur Ard de Graaf yn de SportCast fan Omrop Fryslân al dat der troch sponsoring sa'n 1,5 miljoen euro ophelle is. Dat betsjut dat de klup al 4 miljoen euro binnen hat.
Het vertrouwen in de club en in de mensen, daar willen ze graag aan bijdragen.
Ard de Graaf
It is net dúdlik om watfoar partij it giet dy't no 2.500 sertifikaten kocht hat. It soe gean om in ûndernimmer út it midden fan it lân. De Graaf wol net sizze om wa't it giet. "Dat hebben we zo afgesproken."
De direksje fan Cambuur is al sa'n trije jier yn petear mei dizze partij. Neffens De Graaf sjogge se potinsje yn de Ljouwerter earedivyzjonist. "Het vertrouwen in de club en in de mensen, daar willen ze graag aan bijdragen."

Liening

De ûnbekende partij jout boppedat ek noch in liening fan in miljoen euro oan Cambuur. Dêrmei kin de klup romtes oankeapje yn it nije stadion. Dy romtes kinne ferhierd wurde en dêrmei fertsjinnet de klup jild om dy liening ôf te lossen.
De Graaf is bliid mei dizze konstruksje, om't it as fuotbalklup praktysk ûnmooglik is om by in bank in liening ôf te sluten.