Bussjauffeurs stake freed yn Fryslân foar bettere cao

De bus fan stasjon Ljouwert nei hegeskoalle NHL Stenden © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Bussjauffeurs yn it Fryske streekferfier lizze freed it wurk del foar in bettere cao. Der wurdt staakt yn Ljouwert, Dokkum en op It Hearrenfean.
De stakingen binne ûnderdiel fan lanlike estafettestakingen. Sûnt tiisdei wurdt der tolve dagen lang op ferskate plakken staakt.
Mei de stakingen wolle sjauffeurs ûnder oare in hegere beleanning ôftwinge. Dat moat ûnder oare mear jonge sjauffeurs oanlûke.
"Door slechte beloning komen er te weinig nieuwe, jonge collega's bij", seit Marijn van der Gaag, bestjoerder fan fakbûn FNV. "En de werkdruk is al jarenlang zo hoog dat het ziekteverzuim op sommige plekken 25% is. Daar moeten de werkgevers zich echt harder voor gaan inzetten."

Net tagelyk mei eineksamens

De fakbûnen en de leden sizze dat se begripe dat de stakingen foar oerlêst soargje kinne. Se besykje dat te beheinen, troch de stakingen net tagelyk mei de eineksamens te dwaan.
Van der Gaag: "Dat de chauffeurs toch staken, laat zien hoe hoog de nood is. Tot nu toe stellen de werkgevers zich ronduit arrogant op tegen hun eigen chauffeurs."

Advys Arriva: sykje alternatyf

Omdat de impact fan de stakingen yn Fryslân net dúdlik is, advisearret ferfierder Arriva reizgers om in alternatyf te sykjen foar it busferfier. Wa't wol de bus brûke wol, moat de webside fan Arriva goed yn de gaten hâlde.

Weromwurkjende krêft

Doel fan de aksje is dus in nije cao. Dy moat wat de aksjefierders oanbelanget mei weromwurkjende krêft yngean op 1 july 2021.
Yn it streekferfier wurkje yn totaal sa'n 13.000 minsken.