Rapport FUMO oer dykproblemen Sintrale As: grutte flaters en twivels

De Sintrale As © Provinsje Fryslân
De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat grutte twivels oer it brûken fan stielslakken yn de fundearring fan fiadukten yn de Sintrale As. Dy soargje yntusken al jierren foar problemen oan de dyk.
De soargen fan de FUMO steane yn tafersjochrapporten dy't yn hannen binne fan lokale omrop RTV NOF.
Yn 2017 waard foar it earst ûntdutsen dat der wetter útstreamde by in fiadukt yn de Lauwersseewei by Dokkum. Yn de maitiid fan 2018 waard dat ek konstatearre by de fiadukten fan De Falom en in stikje noardliker, oan de Dwarsloane.
De provinsje tocht doe noch dat it probleem relatyf lyts wie. Yn 2018 is der wol in systeem pleatst om it smoarge wetter op te fangen en ôf te fieren. Provinsjale Steaten binne pas yn septimber 2021 op de hichte brocht fan de lekkaazjes fan it smoarge wetter.

Gjin oplossing

In definitive oplossing foar de problematyk is der noch net. De gemeente Dantumadiel hat in melding dien by it Iepenbier Ministearje. Yn dy melding seit de gemeente dat de provinsje 'bewust calculerend' oan it wurk west hat.
By de oanlis fan de fiadukten is der net genôch rekken holden mei de eigenskippen fan stielslakken. It komt derop del dat de stielslakken as boustof oanfierd binne, mar as ôffalstof tapast binne.

Fierstente folle stielslakken brûkt

Neffens de rapporten fan de FUMO is der te min rekken holden mei de risiko's dy't stielslakken mei har meibringe. Dêrnjonken is der net goed sjoen nei de ferhâlding. Dat soe 50 sintimeter sân en dan 50 sintimeter stielslakken wêze moatte. By it fiadukt by De Falom is it oars: 120 sintimeter stielslakken en 30 sintimeter sân.
De FUMO sprekt, wat de 'sandwichconstructie' oanbelanget, fan in "groot manco".
Troch de konstruksje binne der miljoenen kilo's mear oan stielslakken yn de fundearring brûkt.

Wetter streamt fuort

It reinwetter dat op de dyk falt kin ek, fia de stielslakken, útstreame nei it oerflakte- en grûnwetter. It wetter dat útstreamt, nei oanrekking mei de stielslakken, hat in te hege soertegraad. It wetter is te ferlykjen mei in goatstienûntstopper.
De tydlike oplossing is om mei bakken fersmoarge wetter op te fangen en dan fuort te pompen. De opfangbakken wurde twa kear wyks leech helle.
In strukturele oplossing soe wêze om de stielslakken yn te pakken mei foalje. Oft dat ek gebeurt, is noch net dúdlik. De skea oan de natuer is ek noch net goed yn te skatten.