Yn it Frysk ôfstudearje oan de Utrechtse skriuwersoplieding: Doutsen is de earste

Doutsen van Gosliga © Gordon Meuleman
Al har stúdzjegenoaten studearje ôf yn it Nederlânsk, mar Doutsen van Gosliga woe wat oars: se is de earste dy't yn it Frysk ôfstudearret oan de oplieding Writing for Performance yn Utrecht.
Doutsen komt fan It Hearrenfean. Se woe wat mear mei it Frysk dwaan. "Ik hie altyd wol skreaun yn myn libben, mar dat wie eins altyd yn it Nederlânsk. It Frysk ha ik noait machtich west op papier, al is it wol myn memmetaal."
Twa jier lyn gong de knop om: "Ik tocht: wêrom skriuw ik eins noait yn it Frysk? Doe bin ik dermei oan de slach gong. It fielde foar my normaal om myn ôfstudearjen yn it Frysk te dwaan."

Taalkursussen

Hielendal fansels gong dat net. Stap ien wie it Frysk better ûnder de knibbel krije. "Ik ha taalkursussen folge om myn skriuwfeardigens wat te ferbetterjen."
En dêrmei wie se der noch net, want it moat fansels ek noch beoardiele wurde kinne. "Ik ha wat gelok hân dat ien fan myn dosinten Frysktalich is. Spesjaal foar my ha se him taheakke oan de beoardielingskommisje. Dêr ha ik mazzel mei hân."

Dreamrealiteit

Foar it ôfstudearjen moatte de learlingen fan de oplieding twa stikken oanleverje: in ûndersyk en in produkt. "Dat produkt kin bygelyks in film wêze. Dat meist sels bepale. Yn myn gefal is dat in teäterstik wurden."
Dat teäterstik hat reitsflakken mei it libben fan de Feanster studinte. "It giet om in frou dy't de drokte ûntflechtet. Se wurdt wekker yn in soarte fan dreamrealiteit oan it strân. Se giet dêr op syk nei wa't se is, wêr't se har thúsfielt, in plak dêr't se harsels wêze kin."
Ik wenje sels ek yn in grutte stêd, mar ha in soad ûnwennigens nei Fryslân.
Doutsen oer har teäterstik.
It is dus wat basearre op har eigen libben, fertelt se. "Ik wenje sels ek yn in grutte stêd, mar ha in soad ûnwennigens nei Fryslân. Ik bin sels ek bot op syk nei wêr't myn thús is." Se hat no earst de Fryske taal dus mar nei Utrecht helle. "It like my geweldich as der fan ús skoalle in kear in Frysktalich stik wêze soe."

Slagge foar de oplieding

Doutsen die in bytsje langer oer har ôfstudearprojekt, mar se hat har dan ek hiel wat wurk op de hals helle, leit se út. "It hat my allegear wat mear tiid koste as wannear't ik it yn it Nederlânsk dien hie. Ik moast dy kursussen noch dwaan. Dêrtroch is it ek gjin hiel grut stik wurden en dêrom moast ik der noch wat ekstra's by meitsje."
Dochs krige se tiisdei it befrijende nijs te hearren: se is slagge foar de oplieding. Betsjut dat ek dat it stik oait noch op de planken útfierd wurde sil? Dat doart se net te sizzen.
"Ik soe it hiel moai fine, ik sil myn bêst dwaan. En ik wol sowieso trochgean mei it skriuwen fan teäter yn it Frysk, mar it liket my ek geweldich om mear film en tv yn it Frysk te meitsjen. Dêr is te min fan, fyn ik."