Joadske mienskip yn Ljouwert bestiet 350 jier: nij haadstik yn âld boek

De Joadske mienskip yn Ljouwert bestiet 350 jier en dêrom is it boek Joden van Leeuwarden op 'e nij útjûn. Histoarikus Hartog Beem brocht dat boek út yn 1974 en is yntusken ferstoarn.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Inisjatyfnimmer foar de nije druk is Chaim Caran. Hy woe it boek op ynternet sette, mar krige fan de útjouwer ek de gelegenheid om in kompleet nije druk te meitsjen. Dêr is de lêste fyftich jier yn meinaam. Moandei wie de presintaasje en it oerlangjen fan de earste eksimplaren yn it Historisch Centrum Leeuwarden.
It boek yn nije printinge © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Oan it boek is in haadstik taheakke. Dêryn stiet nij ûntdutsen ynformaasje, bygelyks oer de âldste skiednis en de stichter fan it Joadske begraafplak yn Ljouwert.
"In de tijd dat Beem het boek schreef waren er nog geen databases of archieven van oude bronnen", seit Caran. "Sinds de tachtiger jaren is het veel toegankelijker geworden. Ik heb zo allerlei nieuwe dingen ontdekt." Ek de resinte skiednis hat plak krigen yn it boek, mei it nammemonumint njonken de Joadske skoalle en mei de Joodse Bruiloft.
It Joadske nammemonumint yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De presintaasje fan de nije druk soe twa jier lyn al plakfine, mar is troch corona útsteld. De symboalyske earste eksimplaren binne oerlange oan foarsitter Ben Troostwijk fan de Ljouwerter Joadske mienskip, Ljouwerter boargemaster Sybrand Buma en âld-boargemaster Hayo Apotheker. Der binne ek twa boeken ferlotte ûnder de oanwêzigen.
Chaim Caran oer it boek
"Ik tink dat de âlde skiednis fan de Joaden yn Ljouwert wer ta libben komt en dat is wichtich foar ús stêd", fynt boargemaster Buma. "Flak nei de oarloch wie dêr neat mear fan oer, mar de ferhalen binne der noch. Dy kinne ferteld wurde troch dit boek en dat fyn ik moai."
Hy neamt ek it nammemonumint en de teäterfoarstelling De Joodse Bruiloft, dy't krekt as dizze boekpresintaasje, bydrage oan it besef fan de lokale skiednis.