Minister: net op basis fan fideobylden oardielje oer ynsidint mei demonstrant fleanbasis

De auto rydt troch op it plak dêr't in demonstrant stiet © Kappers Media
Minister Yesilgöz seit dat se net op basis fan fideobylden it optreden fan de plysje beoardielje kin by in ynsidint op de fleanbasis yn Ljouwert, wêrby't in demonstrant oanriden waard.
It ynsidint die him foar by in demonstraasje fan aksjegroep Extinction Rebellion, begjin april. Dy protestearren tsjin de oefeningen fan Frisian Flag, om't it negative effekten hat op it miljeu en it klimaat.

Yngripen net needsaaklik

Keamerlid Frank Wassenberg (Partij voor de Dieren) stelde fragen oan minister Dilan Yesilgöz-Zegerius. Hy woe ûnder oare witte wat de minister derfan fynt dat de plysje net yngriep.
"De politie heeft mij laten weten dat ter plaatse de inschatting is gemaakt dat ingrijpen niet noodzakelijk was, omdat de situatie zich snel heeft opgelost", skriuwt Yesilgöz. "Wel zijn verklaringen opgenomen van alle betrokkenen. Het politieoptreden vond plaats onder verantwoordelijkheid van het lokaal gezag."
Auto triuwt demonstrant Extinction Rebellion fuort by protestaksje
De minister lit ek witte dat se net yngean kin op yndividuele gefallen, "noch op de kwalificatie of sprake is van een opzettelijke aanrijding."
Fierder skriuwt se dat de plysje it demonstraasjerjocht safolle as mooglik earbiedigje moat. "Wat dat in een concreet geval heeft te betekenen, is ter beoordeling aan de politie en het lokaal gezag."

Oanjefte

By de plysje en de maresjaussee binne klachten yntsjinne. Der is ek oanjefte dien tsjin de automobilist.
"Onze collega's ter plaatse hebben de inschatting gemaakt dat ingrijpen niet direct noodzakelijk was. De situatie loste zichzelf snel op", skreau de plysje earder.