Opnij negatyf advys oer gaswinning ûnder Waadsee by Ternaard

Demonstraasje tsjin gaswinning by Ternaard © Omrop Fryslân
It Omgevingsberaad Waddengebied (OBW) advisearret unanym negatyf oer it winnen fan gas ûnder it Waad. Neffens it advysorgaan jildt in tal prinsipes dêr't harren ried op boud is.
It giet dan bygelyks om de gedachte dat ekology en ekonomy inoar fersterkje en dat der in ferantwurdlikheid is foar de Waadsee as wrâlderfgoed. Yn in brief oan de minister foar Natuer en Stikstof neamt de foarsitter fan it OBW, kommissaris fan de kening Arno Brok, dat dizze prinsipes genôch binne om harren tsjin de gaswinning by Ternaard út te sprekken.
© Remco de Vries
De gaswinning rekket neffens Brok oan de fitaliteit fan it gebiet. It OBW is in koepel fan ferskate natuerorganisaasjes, mar ek fiskerij, havens, rekreaasje en lânbou sitte der yn.

Unesco

Earder joech de Unesco al in negatyf oardiel oer de gaswinning by Ternaard. De ynternasjonale organisaasje is der net fan oertsjûge dat der gas wûn wurde kin ûnder de Waadsee sûnder skea oan de natuer.
"Daarom mag de minister van Natuur geen nieuwe vergunning verlenen", seit Tom Rustebiel fan de Coalitie Wadden Natuurlijk. "Dit advies van al die maatschappelijke organisaties en gebruikers vraagt de minister nog een keer héél dringend om dat dan ook niet te doen."

Debat

Tongersdei debattearret de steatssekretaris foar Mynbou mei de Twadde Keamer oer gaswinning ûnder it Waad. Ut namme fan it kabinet koördinearret hy de mooglike fergunningferliening foar nije gaswinning ûnder de Waadsee.