90 jier Ofslútdyk: nettsjinsteande tebeksetters dochs feest

It is 90 jier lyn dat de Ofslútdyk tichtmakke waard:
Op de Ofslútdyk wurdt dizze sneon stilstien by it histoaryske momint dat de dyk 90 jier lyn tichtmakke is. Fan 1927 oant 1932 waard wurke oan de 32-kilometer lange dyk.
De ôfrûne jierren hawwe der in soad wurksumheden west oan de dyk dy't Fryslân mei Noard-Hollân ferbynt. De wurksumheden falle djoerder út as earder tocht: it giet net om de begrutte 921 miljoen, mar om sa'n 2 miljard.
Dat er tegenslagen zijn, dat is ook zo en dat moet ook benoemd worden.
Deputearre Avine Fokkens by de betinking
Foarearst is dat wurk ek noch net klear. Dochs is der reden foar in beskieden feestje yn it Afsluitdijk Wadden Center yn Koarnwertersân, fynt deputearre Avine Fokkens: "Het gaat echt ergens over. Dat er tegenslagen zijn, dat is ook zo en dat moet ook benoemd worden."

Gefolgen fan klimaatferoaring

De deputearre en haadyngenieur-direkteur Louis Schouwstra fan Rykswettersteat hâlden beide in taspraak. Dêr gienen se beide koart yn op de wurksumheden. Sjonger en dichter Huub van der Lubbe wie oanwêzich om in gedicht foar te dragen. Dat gedicht moat in plak krije op de dyk. By it Center binne ek tydlik grutte foto's fan Kadir van Lohuizen te sjen mei bylden oer de gefolgen fan klimaatferoaring.
Stânbyld fan Lely op de Ofslútdyk © ANP
Neffens Rykswettersteat sjitte de wurksumheden op in soad plakken op, bygelyks by de fernijing fan it weidek. De ferwachting is dat de dyk, it profyl en de golfbrekker-eleminten ein dit jier allegear te plak lizze. Neffens projektmanager Frans de Kock lizze de swierrichheden foaral by Den Oever, en dan benammen by de bou fan de nije spuimiddels.
Op 18 juny is it noch in kear feest, op de Dag van de Bouw kin it grutte publyk dan by de wurksumheden sjen.

Ferline tiid

Op 28 maaie 1932 om 13:02 oere waard it lêste gat tichtmakke: de Sudersee wie fan doe ôf ferline tiid. Oan de iene kant fan de dyk wie de Iselmar en oan de oare kant de Waadsee. De dyk ferbynt Fryslân mei Noard-Hollân.
Yngenieur Cornelis Lely (1854-1929) ûntwurp yn 1891 in earste konsept fan syn plan foar de ôfsluting fan de Sudersee. In pakesizzer fan Lely wie ek by de betinking.