Hillige Húskes diel 2: FryslânDOK ûndersiket de fûneminten fan wenjen

Yn diel 2 fan Hillige Húskes, de searje fan FryslânDOK oer de wenningkrisis, gean makkers Bart Kingma en Johanna Brinkman op syk nei de fûneminten ûnder it wenjen. In hûs betsjut feilichheid, sûnens, stabiliteit, solidariteit. Te sjen op 28 en 29 maaie by NPO2 en Omrop Fryslân.
'Never waste a good crisis.' Yn de wenkrisis siket FryslânDOK nei oplossings dy't fierder rikke as it kredo 'bouwe, bouwe, bouwe' fan projektûntwikkelers en politisy. Yn de dokumintêre sjogge we minsken dy't it heft yn eigen hannen nimme om te soargjen foar in hûs foar harsels en foar oaren.
It bouwen fan in eigen tiny house © Omrop Fryslân
De fundamintele fraach is: wat binne eins de wearden dy't wy takenne oan wenjen? Tinkbedriuw 'De Argumentenfabriek' hat dat ûndersocht. In hûs wurdt faak sjoen as in belizzing. Mar eins lizze der minskliker wearden oan ta grûnslach, lykas feilichheid, stabiliteit, sûnens en solidariteit.
Ingrid van de Vegte, FSP © Omrop Fryslân
Ingrid van de Vegte, direkteur fan it Fries Sociaal Planbureau, monitoart it geloksnivo fan de Friezen. "Unsekerheid dy't jongeren ûnderfine, komt faak troch de ûnmooglikheid in stabile wensitewaasje te kreëarjen." Soms dogge se dan mar hielendal sels: se bouwe in tiny house nei eigen ynsjoch.
Tiny House yn oanbou © Omrop Fryslân
Yn Starum meitsje de bewenners sels plannen foar harren wyk. Se geane doar oan doar mei in enkête oer de wenwinsken. Dêrnei besykje se de gemeente Súdwest-Fryslân te bewegen oan dy winsken yn 'e mjitte te kommen.
Aksje yn Starum © Omrop Fryslân
Om wenningkorporaasjes hat jierrenlang in sfear fan problematyk hongen. Sosjale hierwenten wurde sjoen as huzen foar 'de onderkant'. Wylst dat oarspronklik hielendal net de bedoeling wie fan de korporaasjes; ek sy kinne in oplossing biede foar de wenningneed. Bygelyks Elkien wurket op dit stuit oan in grut renovaasjeprojekt yn Snits, mei alle moderne idealen as grûnslach.
Bart Kingma oer de dokumintêre
Bart Kingma en Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
FryslânDOK 'Heilige Huisjes' diel 2
Sneon 28 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling 29 maaie 13.15 oere)
Snein 29 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.