Sylreis mei Wylde Swan nei moannen foarby: "We zijn familie geworden"

De bern fan de Wylde Swan binne oankaam yn Harns
Tallship Wylde Swan út Makkum is nei sân moannen en nei de sân seeën wer oankaam yn Harns. De lêste sân wiken sieten der bern oan board dy't foar de edukative sylreis opstapten yn Sint Maarten en no wer foet oan wâl setten.
De 27 bern ha har bot fermakke. "Het was heel gaaf. Het mooiste was dat we aan het eind echt als een groep gingen samenwerken", fertelt ien fan harren. "Alleen ik was heel erg zeeziek, dus ik heb voor een groot deel mijn lessen buiten gedaan en boeken gelezen."
Wylde Swan © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op see ha se freonskippen foar it libben sletten, fertelle se. Foar guon fielt it sels mear. "Het is meer familie geworden. Een hele hechte groep zijn we geworden. De eerste week zat je hier aan boord en kende je niemand en nu gaan we naar huis met 27 vrienden."
Je doet gewoon alles met elkaar. Je eet samen, je slaapt samen, je kotst ook samen.
Ien fan de bern fan de Wylde Swan
Wiken lang ha de bern alles mei-inoar belibbe yn in lytse romte. "Je doet gewoon alles met elkaar. Je eet samen, je slaapt samen, je kotst ook samen. Je wordt heel hecht met elkaar en dat is echt wel vet om mee te maken."
Wylde Swan © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dochs binne se ek wol bliid om wer werom te wêzen. Wat se thús as earste dwaan sille? "Lekker lang douchen. Slapen in mijn eigen bed. Ik sliep in een hangmat, dus ik heb echt last van mijn rug."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma fong de bern op yn Harns