HEA! Brabanners op 'e fyts

HEA! Brabanners op 'e fyts
Se dogge alles noch op in 'gewoane' fyts, Jozien en Kees Heijboer út Brabân. Fan in e-bike wolle de fytstoeristen út Brabân noch neat witte.
It pear rêst efkes út mei in bakje kofje op in terraske yn Sint-Nyk. Se ha krekt in fytstocht fan 35 kilometer om de Tsjûkemar hinne makke. De Brabanners fine it hjir wakker moai en hiel oars as wat se wend binne. It is foar it earst dat se yn Fryslân binne, mar se tinke wol dat se nochris faker delkomme sille.