79-jierrige man ferstoarn by slim ûngelok op charterskip Wilhelmina

Skip Wilhelmina yn de haven fan Skylge © ProNews Producties
Op charterskip Wilhelmina is freedtemoarn in slim ûngelok bard. Dêrby is in 79-jierrige man ferstoarn en in frou rekke slim ferwûne. Dat meldt de plysje.
It skip wie krekt fuortgien út de haven fan Skylge. Dêr gie it fuort mis. De ambulânsetsjinst is mei de KNRM-rêdingboat Arie Visser fan West-Skylge fuortendaliks nei it sylskip fearn. Dêrnei is besletten it charterskip mei de opfarrenden werom te bringen nei de haven fan Skylge, dêr't de oare helptsjinsten stienen.
De Wilhelmina wie ûnderweis nei It Amelân. Neffens de plysje is de gyk fan it skip fallen en hat it twa minsken rekke. It skip is yn beslach naam foar ûndersyk. De ferwûne frou is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De rûte fan de Wilhelmina © Marine Traffic
Der wiene 19 gasten en twa bemanningsleden op it skip. De opfarrenden wurde opfongen en krije neisoarch. De Wilhelmina hat Harns as thúshaven.
Op de webside fan de gemeente Harns reagearret boargemaster Ina Sjerps op it ûngelok: "Het is een vreselijk en dramatisch ongeluk. Onze gedachten gaan uit naar de slachtoffers, nabestaanden, overige gasten aan boord en de bemanning. We wensen hen alle kracht toe."
Helptsjinsten yn de Skylger haven © ProNews Producties
Der is in forinsysk team mei in helikopter nei it eilân brocht, meldt de plysje. "Zij gaan nu foto's maken en alles minuscuul vastleggen." Der sil ek ûndersyk dien wurde nei de steat fan it skip.
De plysje hat it skip yn de rin fan de middei wer frijjûn. It skip fart nei alle gedachten werom nei Harns foar fierder ûndersyk.
Yn 2016 wie ek in deadlik ûngelok mei in skip. Op de Amicitia bruts de mêst ôf en kaam op trije Dútske passazjiers. Se oerlibben it net. Ut ûndersyk die bliken dat der houtrot yn de mêst siet.