Archeolooch leit op Ofslútdyk fêst wat der allegearre ûnder de grûn sit

Archeolooch Nick Warmerdam © Omrop Fryslân
Op it stuit fynt op de Ofslútdyk archeologysk ûndersyk plak. Yn ferbân mei de fersterking fan de dyk, moat by guon kazematten in soad grûn ôfgroeven wurde.
Dêrom is archeolooch Nick Warmerdam mei in team dwaande om hiel krekt fêst te lizzen wat der allegear ûnder de grûn leit. Hy komt dêrby saken as rinfuorgen (loopgraven), mitrailleursnêsten en riolearring tsjin.
Archeologysk ûndersyk op de Ofslútdyk
Al dy saken wurde yn earste ynstânsje fuorthelle. Letter wurdt bepaald oft se weromkomme. In stik rinfuorge, bygelyks, wurdt dan letter op itselde plak pleatst as dêr't Warmerdam it fûn hat.
"Dat is het mooie van dit project", seit er. "Al onze data wordt meegenomen in het ontwerpproces om te kijken of ze het weer terug kunnen brengen. Dat maakt dit project tot het meest unieke project dat ik ooit gedaan heb."
De kommende jierren ûndergiet de Ofslútdyk in grutte ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter.
Yn 32 reportaazjes, likefolle as it tal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.