Dragmuzikant Jamila X sit gjin momint stil: sy skopt hillige húskes omfier

Jamila X brocht freed in nije single út: Pony Girl, in leafdeslietsje foar en oer dragqueen Katya Zamolodchikova. "Vroeger was ik echt een paardenmeisje, nu wil ik alleen nog maar op Katya rijden."
Jamila X is de artystenamme fan Jamila Faber. Sy groeide op yn Harns, mei har âldere broer. Sels harke sy graach nei de Spice Girls, mar ek de muzyksmaak fan har mem en broer hie ynfloed op har. "Ik ben opgegroeid met een mix van Cher en gangsterrap."
Yn har teenerjierren harke Jamila mear nei punk. Sy klaaide har ek alternatyf. "Het begon met wijde broeken, maar dat vond ik al snel saai en ik ging opzoek naar iets wat meer weird was, ik was fan van Björk."

'Hek van de dam'

As bern spile Jamila blokfluit en sy krige ek keyboardles. Sy skreau altyd al sels ferskes en op har trettjinde krige se in gitaar. "Toen was het hek van de dam, soms schreef ik wel vijf liedjes per dag, als je jezelf kan begeleiden kun je ook optreden."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Jamila hat studearre oan de Academie voor Popcultuur en dêr learde se Esther de Jong kennen. Tegearre foarmen sy it elektropopduo O kutjes.

'O kutjes'

''Het zou eenmalig zijn, maar het was leuk en daarom gingen we heel lang door. We schreven alleen liedjes over dingen die verkeerd gingen. Als er iets mis gaat zeg je vaak 'o kutjes'," leit Jamila út.
It kaam ek wol út provokaasje wei. "We waren altijd in schooluniformen met korte rokjes want op pornosites zijn veel gezochte termen schoolgirl of teen. Wij vonden het leuk om daar tegenaan te schoppen met zulke uniformen."

Dragqueens

Jamila kaam frij let yn har karriêre yn kontakt mei drag. "Als ik het eerder had geweten dan was ik dat meteen gaan doen en had ik drag centraal gesteld tijdens mijn studie."
Fia it tv-programma RuPaul's Drag Race rekke sy hieltyd entûsjaster oer it fenomeen drag. Se wie fia in stúdzjegenoat al ris yn kontakt kaam mei drag, mar troch it programma rekke se hieltyd mear obsedearre: se woe der mear fan witte.
"Het is alsof je gaat daten en bij de eerste date denkt: oké, dit is een leuk persoon en op een moment ben je stapelverliefd en kun je niet meer zonder, zo ging het met mij en drag."
Jamila oer hoe't sy sels muzyk produsearret
Jamila is faak fan styl en namme feroare. Dat heart allegearre by har ûntwikkeling, want sy stiet gjin momint stil. "Ik heb mijn artistieke identiteit als dragmuzikant helemaal ontdekt, drag is belangrijk en muziek is ook belangrijk. Nu kan ik doorgroeien."

Pony Girl

By dat groeien heart ek har nije single Pony Girl, in ferske foar en oer dragqueen Katya Zamolodchikova. "Vroeger was ik echt een paardenmeisje, maar nu wil ik alleen nog maar op Katya rijden."
Jamila produsearre it ferske foar tachtich persint sels, de rest fan de produksje die produsint Wander Kars. "Hij heeft het naar een hoger niveau getild."
Ek it moetsjen fan har idoal Trixie Mattel, in oare populêre dragqueen, falt foar Jamila ûnder wurk. "Ik heb haar mijn single gegeven, in een ringdoosje op een USB-stick. Nu hopen dat ze het gaat luisteren en gaat reageren."
L.A.
De takomst leit foar Jamila X net yn Fryslân, sy wol op 'en doer graach nei Rotterdam of Amsterdam en noch leaver nei L.A. "Maar dat heeft nu nog geen zin, ik heb mijn dochter Lola en die kan ik natuurlijk niet zomaar alleen thuis laten. Hier heeft Lola een opa en oma, zij passen graag en veel op."

DJ-Granny

Yn oktober giet Jamila wol in moanne nei L.A. om dêr de studio yn te gean mei oare artysten en coaches en ek om op te treden. "Ik wil daar gewoon een goeie single of twee maken, en optreden. Ik ben een ambitieus kreng en ik wil groeien, ik heb geen dromen maar doelen en ik geef nooit op, al moet ik doorgaan tot ik 70 ben. Dan ben ik wel DJ-Granny."

De kar fan Jamila

Artyst Nûmer
Dolly Parton Backwoods Barbie
Chaka Khan ft Todrick Hall Fabulosity
Trixie Mattel C'mon Loretta