Fries yn Lviv: Oekraïners jouwe gjin belies, oars ferlieze se harren nasjonaliteit

Willem Nammensma by in kleaster, flakby de grins mei Roemenië © Eigen foto
De oarloch yn Oekraïne duorret no al trije moanne. Saakkundigen sizze dat beide partijen it net hiel lang mear folhâlde kinne, omdat de ferliezen oan Russyske en Oekraynske kant grut binne.
Fries om utens Willem Nammensma sit der midden yn. Hy wennet yn Lviv, fier by it front wei. Mar ek yn Lviv binne de gefolgen fan de oarloch wol te fernimmen. Want ek dêr hearre se geregeld it loftalarm en slaan no en dan raketten yn.
Presidint Zelensky hat tiisdei oanjûn dat der alle dagen sawat fyftich oant hûndert soldaten sneuvelje. Nammensma tinkt dat de oarloch noch wol efkes trochgiet. "De Oekraïners jouwe de striid net op. As se net fjochtsje, ferlieze se harren nasjonaliteit."
Willem Nammensma (rjochts) en kollega Андрій Беднарський © Eigen foto
Hoe sjocht Nammensma werom op de trije moanne oarloch? "Dy binne hiel yntinsyf foarbygien, mar ek wol in bytsje as in hast ûnwerklike waas. "
Sûnt it begjin fan de oarloch hat er twa kear werom yn Nederlân west. "Dan tinkst datst in oare wrâld yn stapst. Dat jildt ek foar ast weromgiest nei Oekraïne."
Hy freget him ôf hoe't it safier komme kinnen hat. "Hoe is it yn himelsnamme mooglik dat soks barre kin? Dat jo dit mei syn allen net tsjinhâlde kinne."
It giet him oan it hert, dat it lân sa bot rekke is, no't it krekt better gie mei it lân. "Oekraïne siet op de wei omheech. It lân wie dwaande de korrupsje yn te damjen. Der waard jild stutsen yn logistyk, wegen en opliedings. Dat it no sa bot stikken makke wurdt, is ûnbegryplik."

Oarloch sûnder goede reden

It is ferskriklik dat der safolle slachtoffers binne, sawol oan Oekraynske as oan Russyske kant, seit Nammensma "foaral omdat dizze oarloch gjin goede reden hat. Der wurdt amper territoarium ynnaam."
"As Ruslân in gebiet ynnimt, is it noch mar de fraach hoelang't dat goed giet. Der wurdt fan binnenút sabotaazje dien. It bliuwt ûnrêstich yn sa'n gebiet."
Al dy deaden binne eins ûnsinnich, want der wurdt neat mei wûn.
Willem Nammensma
Nammensma freget him ôf wat it foar sin hat. "Al dy deaden binne eins ûnsinnich, want der wurdt neat mei wûn. Net oan Russyske kant en spitigernôch ek noch net oan Oekraynske kant."
Syn wurk kin er yn prinsipe noch wol goed dwaan. De ierdappels binne set. Wêr't se no mei dwaande binne, is de foarried rispinge fan ferline jier fuort te krijen. En dan benammen it lân út.
Yn de opslach moat romte komme foar de nije rispinge. De grutte partijen dy't oars oer de see ôffierd waarden, moatte no oer de dyk of it spoar om ferkocht te wurden.

14 dagen wachtsje oan de grins

It moat kwa burokrasy makliker wurde om ferfier it lân út flotter ferrinne te litten. By de grins stean rigen frachtweinen fan 10 oant 20 km.
De sjauffeurs dogge trije oant seis dagen oer de proseduere om fan it iene nei it oare lân te kommen. Nammensma: "En as se weromkomme, moatte se wer wachtsje. Mei-inoar binne se in lytse fjirtjin dagen kwyt oan de grins."
Willem Nammensma
"De tiid tikket, want de nije rispinge komt der al wer oan. Der moat hiel gau wat feroarje", fersuchtet er.
Hy hat it al earder sein: it risiko is hiel grut dat Ruslân de havens fan Oekraïne ôfslút. "Dan binst ferlern. Elkenien hie dit oankomme sjen kinnen. Trije moanne ferlyn al. Spitigernôch is der in soad tiid fergriemd."