Kolleezje Dantumadiel wol allinnich noch help by komplekse saken

Klaas Agricola © RTV NOF
De gemeente Dantumadiel nimt de measte taken wer op himsels. Allinnich foar yngewikkelde saken sil Dantumadiel de help fan de gruttere buorgemeenten ynskeakelje.
De boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel ha besletten dat se fierder moatte as saneamde útfieringsgemeente. Der moast neitocht wurde oer de takomst, no't de amtlike gearwurking mei Noardeast-Fryslân op 1 jannewaris 2024 ophâldt.
In ûndersyksburo ûndersocht watfoar foarm de gemeente krije moat no't Dantumadiel en Noardeast-Fryslân útelkoar geane.
It advys is oars as de eardere winsk fan Dantumadiel om fierder te gean as netwurkgemeente, wêrby't in soad taken troch oaren dien wurde.

Slachfeardiger

Boargemaster Klaas Agricola fynt it moai dat syn gemeente dochs in oare koers fart. "Wy besykje wat slachfeardiger te wêzen en nóch tichter op de mienskip te sitten."
Opgean yn in gruttere gemeente sjocht er net sitten, omdat er grutte wearde hechtet oan direkt kontakt mei boargers en húsbesiken. "Sa ha wy rapper antwurd op boargers harren fragen of fersiken."

Werom út Noardeast

Foar 2024 moat Dantumadiel net allinnich ôfskiede fan Noardeast-Fryslân, de gemeente moat sels ek in eigen organisaasje opsette. In part fan it team wurket no nammentlik noch op it gemeentehûs fan Noardeast.
Der is hast 8 ton nedich út de algemiene reserve. "Dat bedrach is foar de opbou oant jannewaris 2024", seit wethâlder Kempenaar.

15 miljoen yn eigen hannen

In ûndersyksburo konkludearre earder dat de 'ûntflechting' ek nochris miljoenen kostet. Mar de lytse 15 miljoen euro dy't Dantumadiel alle jierren oan Noardeast-Fryslân betellet foar it útfieren fan amtlike taken komt no wer yn eigen hannen. "Dat bedrach wurdt wer brûkt foar de eigen amtlike organisaasje."
It senario dêr't it kolleezje Dantumadiel no foar kiest, is net wêr't Noardeast-Fryslân op hope. Dy woenen leaver ien grutte, 'robúste' gemeente. De ried fan Dantumadiel nimt op tiisdei 31 maaie in beslút oer it senario.