Noch tûzenen Friezen wachtsje op operaasje, fuortwurkjen wachtlisten is dreech

Sikehûs MCL yn Ljouwert © ANP
Sikehûs MCL yn Ljouwert kampt noch bot mei de neiweeën fan de coronakrisis. In soad meiwurkers ha yn karantêne sitten nei in besmetting. Dat gebeurt no minder faak, mar it fuortwurkjen fan de wachtlisten ferrint dreech.
Op it stuit wachtsje der noch sa'n 3.200 minsken op útstelde soarch. It giet dan om saken lykas in nije heup of in kosmetyske yngreep. Saken dy't medysk sjoen net fuortendaliks hoegden en dêrom yn de tiid mei in protte coronagefallen útsteld waarden.
It is in yngewikkelde puzel om de wachtlisten fuort te wurkjen. It bliuwt ek in wat 'grillich' getal. Want in pear moannen werom wienen it der sa'n 4.000, no dus 3.200, mar takom moanne kinne it der wer mear wêze.

Coronajierren ha deryn hakke

"Sinds maart of april hebben we in Nederland wel wat minder te maken met het coronavirus, maar wel met een hoop ziekteverzuim over de hele linie", fertelt manager akute soarch Remko Seinstra. "Daarom zijn we niet goed toegekomen aan het wegwerken van de wachtlijsten."
It ynheljen fan dy earder útstelde soarch giet dus net sa flot as it sikehûs wolle soe. De twa drokke jierren ha deryn hakke.
We zijn allemaal moe, minder scherp, er is veel behoefte aan rust.
Remko Seinstra, manager akute soarch
"Medewerkers hebben onvoldoende tijd gehad om tot rust te komen. Ik vergelijk het een beetje met een bergbeklimming: we hebben een enorme prestatie geleverd, de top bereikt. Nu zijn we aan het afdalen en dan vallen de meeste slachtoffers."
Dat is yn de praktyk ek te fernimmen. "We zijn allemaal moe, minder scherp, er is veel behoefte aan rust. We gunnen onze medewerkers die rust ook. We willen dat ze van een vakantie genieten om ook weer te herstellen."
It fuortwurkjen fan de wachtlisten ferrint muoisum by sikehûs MCL
It soarget foar in paradoks, want tagelyk wol it sikehûs dus dy wachtlisten fuortwurkje. It sikehûs wol dêrom mear personiel oannimme, mear as gewoanwei. Ek mei it each op it neijier, wannear't der wer mear coronagefallen ferwachte wurde.
"Er is een personeelstekort in alle sectoren, ook in de zorg. Maar we proberen toch zoveel mogelijk verpleegkundigen aan te nemen, al is het maar omdat we op lange termijn ook een tekort zien."
Konkreet giet it om 60 ekstra ferpleechkundigen. Dat moat helpe de wachtlisten fuort te krijen.