Campinggasten Noardwâlde easkje skeafergoeding fan nije eigeners

By de poarte fan de camping lizze restanten fan steancaravans © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Advokaat Diederik Briedé fynt dat de campinggasten fan Hanestede yn Noardwâlde rjocht ha op in skeafergoeding fan 5.000 oant 6.000 euro. Foar seis minsken is hy no in saak begûn.
De camping is yn jannewaris oernaam troch trije jonge Amsterdammers. Yn de plannen dy't se ha, ferdwine de 126 jierplakken en 96 seizoensplakken. Dêrfoar werom komt in lúkse natuerpark mei hûskes, mooglik mei in restaurant.
Yn jannewaris seinen de nije eigeners in temjittekomming fan 1.000 oant 1.500 euro ta oan campinggasten, as dy harren objekt foar 1 april fuort hellen. Neffens Briedé wie it 'volstrekt onredelijk' om yn in pear moannen te easkjen dat de bewenners fuort wêze soenen.
Der is ek guod op de camping ferdwûn yn dy perioade. Briedé ferwyt de nije eigeners dat se gjin tafersjoch holden ha op de ûntromming. Tusken jannewaris en april kamen by de plysje mear as tsien oanjeften binnen.

Ferlykbere saak

Briedé makket ek in ferliking mei in oare saak, ien yn Geesteren (Oerisel). Hy sjocht in lanlik patroan yn it opkeapjen fan parken en minsken dy't dan gau plak meitsje moatte.
Yn Geesteren stuts de rjochter yn april in stokje foar in rappe ûntromming. Dêr is de camping dus noch net ûntromme, se binne noch yn ôfwachting fan (finansjele) ôfspraken dy't makke wurde.
In campinggast ferbrânt in diel fan syn steancaravan © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Neffens de advokaat is in termyn fan in jier om de camping te ferlitten reedlik. Yn Geesteren is er mei in boaiemproseduere begûn. Dêrút kin blike dat hierders rjocht ha op in skeafergoeding of op oare opsisterminen.
Foar de saak yn Noardwâlde is in agindadatum fan 7 juny ynpland by de rjochtbank. Dêrnei ha de eigeners sa'n fjouwer wiken de tiid om skriftlik te reagearjen en dan sjocht de rjochter oft der nei ûnderhanneling in skikking mooglik is. As dat net slagget, dan komt der nei de simmer in sitting.