Oekraïners krije help by syktocht nei wurk: "Diel fan dizze maatskippij"

Anna Strykun © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Oekraïners dy't har yntusken in bytsje teplak fiele yn Fryslân, wolle stadichoan oan it wurk. Flechtlingen dy't yn hotel-restaurant Galamadammen yn Koudum opfongen wurde, krije help by it finen fan in baan.
De arbeidsmerk is oerspand, oeral binne tekoarten oan wurknimmers, en in soad Oekraïners wolle graach oan it wurk. Sa'n 150 flechtlingen ferbliuwe yn de opfanglokaasje yn Koudum, dy't in gearwurking is tusken de gemeente en it Reade Krús.
Banemerk foar Oekraynske flechtlingen Koudum
Anna Strykun hie yn Oekraïne in eigen bedriuw yn virtual reality, mar moast flechtsje foar de oarloch. Se kaam yn de Galamadammen telâne.
Nei in skoftke realisearren wy ús dat we diel útmeitsje fan dizze maatskippij.
Anna Strykun kaam fan Oekraïne nei Fryslân ta
"De earste wike dat we hjir wiene, hiene we rêst nedich om mentaal stabyl te wurden. Om ús te realisearjen dat hjir gjin gefaar driget en dat we kalm wurde kinne", fertelt Strykun.
"Nei in skoftke realisearren wy ús dat we diel útmeitsje fan dizze maatskippij. Dus no wolle we de taal leare en in baan fine. En we wolle mear prate mei de minsken dy't hjir wenje, om der sa efter te kommen hoe it hjir allegearre wurket en it libben hjir giet."

Kwetsber

De Oekraïners binne kwetsber op de arbeidsmerk, om't de measten net of behyplik Ingelsk prate en gjin eigen ferfier hawwe. Dêr is de gemeente Súdwest-Fryslân har bewust fan. Dy organisearre in banemerk.
"Wy sjogge allinnich nei't de minsken dy't wurkje wolle", seit Mirjam Hoekstra fan de gemeente. "En de wurkjouwers moatte hjir yn de buert weze."
Mei in poster wurdt warskôge foar it útrûpeljen fan flechtlingen © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ien fan de wurkjouwers op de banemerk is Patyna. De organisaasje komt hannen te koart foar soarchlokaasje De Finke yn Koudum, mar der binne net folle Oekraïners dy't goed genôch Ingelsk prate en dat jout problemen mei de bewenners.
Dochs wol personielsadviseur Nanda Sinnema wol sjen wat se dwaan kinne: "It soe moai wêze as we út maatskiplik eachpunt dizze minsken in deibesteging jaan kinne. Dan is dat in win-win-situaasje."

Sollistearje

Strykun hat yn Oekraïne ek as grafysk ûntwerper wurke en hat mei help fan in frijwilliger sollisitearre by in grafysk bedriuw op It Hearrenfean. Der hat al twa kear in petear west en se heart dizze dagen oft se oannaam wurdt. Oan har sil it net lizze: "Ik bin der tige entûsjast oer."