Boalsert wint by Earnewâld

31 jul 2012 - 16:35

Boalsert hat tiisdei it SKS-skûtsjesilen by Earnewâld wûn. Hast de hiele wedstriid lei It Hearrenfean, folge troch Boalsert, oan kop. Inkele skipslingten fierderop wie it in striid tusken De Jouwer, De Lemmer en Drachten (D).

It Hearrenfean lei koart foar de finish mei twa skipslingten foar op Boalsert. Mar trochdat skipper Pieter Brouwer in soart lêst fan de minne wyn hie, kaam Boalsert hieltyd mear tichteby. Krekt foar de finish helle net allinnich Boalsert mar ek, hiel ûnferwachts, De Jouwer It Hearrenfean yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)