Oanriding op Oostergoweg yn Ljouwert; krusing diels ôfsletten
Twa persoane-auto's binne op de krusing fan de Oostergoweg mei de Hoekemastraat yn Ljouwert tsjin inoar botst. It ferkear dat de stêd útride wol, moat no omride.
De twa auto's binne bot skansearre. De helptsjinsten kamen nei it plak fan it ûngelok. De brânwacht moast ien fan de ynsitters befrije, dêrnei hat ambulânsepersoniel de belutsen persoanen kontrolearre. Troch it ûngemak moat ferkear dat de stêd útride wol op it stuit omride.