Aant-Jelle Soepboer: "Fryslân moat Fryske taalgebieten yn Dútslân helpe"

Aant-Jelle Soepboer © Omrop Fryslân
Provinsje Fryslân moat de lytse Fryske taalgebieten yn Dútslân helpe, fynt FNP'er Aant-Jelle Soepboer. Hy skrikt fan berjochten dat it ûnderwiis yn it Noardfrysk efterútbuorket.
Soepboer, krekt wethâlder yn Noardeast-Fryslân wurden, sei dit ôfrûne wykein op it Friesendroapen: de moeting fan Friezen út Noard- en East-Fryslân en ús Fryslân op it eilân Helgolân, dat alle trije jierren is.
As ús Fryslân helpe kin troch gearwurking of politike druk, dan moatte wy dat neffens Soepboer foaral net litte.
Aant-Jelle Soepboer fan de FNP
It giet him oan it hert, seit er. "De oare kant fan it ferhaal is wol dat wy sels ek noch in soad te dwaan hawwe en der wol om tinke moatte dat sa'n lot ús net te wachtsjen stiet. It Frysk is te grut om ús der alle dagen soargen oer te meitsjen, mar te lyts om ús dat tastean te litten. Dus wy moatte der bewust mei omgean en de oare Fryslannen helpe mei de taalemansipaasje."

Seesike muzikanten

Soepboer hie in dûbeldrol op de reade rots yn de Dútske bocht. Hy wie dêr as politikus, mar ek as muzikant fan de band Baldrs Draumar, foar de presintaasje fan in nij ynterfrysk liet. De reis nei it eilân op sneon wie him net tafallen: de weagen giene doe sa heech dat hy en de sjonger fan de band seesiik waarden.
Der wie mear ynbring út Fryslân op Helgolân. Op sneontejûn draaide de film Stjer fan De Hûnekop yn de Nordseehalle mei Dútske ûndertitels. Dy film koe net alle 200 dielnimmers oan de ein ta boeie. De seal siet oan de ein foar in tredde part fol. De folhâlders applaudisearren wol foar de Fryske komyske krimi.
Op snein iepenen de Fryske dûnsers de slotmanifestaasje foar it eilanner gemeentehûs. It wie foar de 20 dûnsers it earste optreden yn trije jier tiid. Dat gie net hielendal sûnder problemen. De akkordeoniste bruts har pink op de hinnereis en waard op it Helgolanner sikehûs yn it gips set. De muzikale begelieding kaam dêrom fan in iPhone ôf.