Lutz Jacobi hâldt ein dit jier op as direkteur Waadferiening

Lutz Jacobi, Albert van der Ploeg en Tjeerd de Groot yn Buro de Vries © Simone Scheffer
Lutz Jacobi nimt ein dit jier ôfskied as direkteur fan de Waadferiening. Dat fertelde se yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.
Jacobi wie earder Twadde Keamerlid foar de PvdA en riedslid yn Ljouwert foar deselde partij.
Yn 2018 waard Lutz Jacobi direkteur fan de Waadferiening. Se hat har bot sterk makke foar it behâld fan de natoer yn it Waadgebiet en it ferset tsjin de gaswinning en oare mynbou-aktiviteiten ûnder de Waadsee.
Lutz Jacobi
Jacobi is krekt 66 jier wurden en wol wer oare dingen dwaan.