Oane Galama wint ljepperij yn Winsum

Oane Galama yn Winsum © Martin de Jong
Oane Galama hat de twadde fierljepwedstriid fan it seizoen op syn namme skreaun. Mei 19,89 meter sprong Galama fierder as alle oare konkurrinten.
Efter Oane Galama waard Ysbrand Galama twadde mei 19,12 meter as fierste ôfstân. It tredde plak wie foar Rutger Piersma (18,60 meter).

Van der Wal bêste frou

By de froulju gie de oerwinning nei Marrit van der Wal. Sy helle de finale mar krekt, mar mei in lêste sprong fan 16,31 meter naam sy de lieding oer fan Tessa Kramer. Kramer (15.51) koe de efterstân net mear goedmeitsje en einige as twadde. Tredde wie Inger Haanstra.
Marrit van der Wal yn Winsum © Martin de Jong
Wisse Broekstra hie de fierste sprong by de junioaren. Ofrûne wike ljepte hy sels better as alle senioaren, mar dat wie dizze kear net sa. Al wie de 18,98 meter fan sneon ek in hiel behoarlike sprong. Efter Broekstra waard Rutger Haanstra twadde (17.66) en Peter Faber tredde (16.63).
Douwe Franke Westra wûn by de jonges. Hy ferbettere syn pr mei in lytse meter en kaam ta in sprong fan 15,60 meter. By de famkes sprong Sanne Bouwstra it fierst (13,61 meter).