It wurk oan de Grândyk nei de fearboat by Holwert is hast klear

It wurk oan de bûtendykske dyk © Rijkswaterstaat Noord NL
Rykswettersteat is hast klear mei it wurk oan de Grândyk by Holwert. It giet om de tagongswei nei de feardaam, dy't fan it doarp ôf oer de kwelder hinne rint. De dyk wie ta oan nij asfalt.
It asfaltearjen waard benammen nachts dien, nei de lêste boat nei It Amelân fan 20.30 oere. Foar autoferkear wie de dyk gewoan tagonklik, al moasten minsken wol rekken hâlde mei wat hinder. It parkearterrein op de feardaam bleau berikber. Foar fytsers wie der in tydlike fytsrûte.
De oanlis fan asfalt is no klear, neffens Rykswettersteat moatte der allinne noch nije linen op de dyk komme.