Fotoprojekt 'Welkom in Heechterp' moat it imago fan de wyk ferbetterje

De foto fan Mohammed Ziani op ien fan de Heechterpflats © Ton Groothaar
Mei it fotoprojekt 'Welkom in Heechterp' wolle fjouwer fotografen de Ljouwerter wyk Heechterp in gesicht jaan. Oanlieding is de sloop fan 24 flats yn de wyk.
As der oer de wyk Heechterp yn Ljouwert praat of skreaun wurdt, giet it faak oer earmoed of kriminaliteit. De wyk is nei de Twadde Wrâldoarloch út de grûn stampt. De wenten binne slim ferâldere.
Tusken no en tsien jier wurde 24 flats sloopt en ferfongen troch nije, lytse wenningen. Dit gegeven wie foar fjouwer Ljouwerter fotografen de oanlieding foar it fotoprojekt 'Welkom in Heechterp'. Dêrmei wolle se oanjaan dat it net om stiennen giet, mar om minsken.

Fotodokumintêres

Dat der 24 flats sloopt wurde, hat in soad ympakt op de wyk, foaral op de bewenners. De fjouwer fotografen - Menno de Boer, Ton Groot Haar, Dineke Kaal en Elske Riemersma - hawwe har ferdjippe yn de wyk. Se hawwe útsocht wa't der wenje, wat harren achtergrûn is en wat harren dreamen binnen. Mei dy ynformaasje hawwe se fotodokumintêres makke, wêrby't elk in eigen ynfalshoeke keazen hat.
Elske Riemersma hat har talein op it iten yn de ferskillende kultueren, wylst Menno de Boer foto's makke hat fan hoe't de minsken harren jierdei fiere. Dineke Kaal hat minsken gewoan op strjitte oansprutsen en fotografearre.

Bern meitsje foto's

Ton Groot Haar is nei de Plataanskoalle gien en hat groep 7 en 8 yn tsien lessen mear leard oer it meitsjen fan foto's. Dêrnei binne de bern yn twatallen nei âldere ynwenners fan de wyk gien en hawwe se dêr foto's makke.
Groot Haar sels sette tsien bern op de foto. Ien fan harren is de 11-jierrige Mohammed Ziani. Syn âlden komme út Marokko. Hy is berne yn Ljouwert en hielendal fergroeid mei de wyk. Hy giet der nei skoalle, fuotballet der en ken hast elkenien dy't der wennet.
Mohammed kin goed ferwurdzje wat er sa moai fynt oan Heechterp: "Het is gewoon een mooie wijk, met vriendelijke mensen, pleintjes, speeltuinen en een Johan Cruijffcourt waar je kunt spelen en voetballen. Er is mooie natuur en ik zou willen dat Heechterp bekender is en dat het een hogere rang krijgt."

Foto op in flat

De portretfoto fan Mohammed - yn in pak dat er spesjaal kocht hat foar in Marokkaanske brulloft - komt ek grut op ien fan de flats dy't sloopt wurdt te hingen. Mohammed hat sels it plak útsocht: "Bij een kruispunt aan het begin fan de wijk, dus iedereen die de wijk inrijdt, ziet mij dan en dat vind ik heel leuk."
Groot Haar leit út dat der op noch njoggen oare flats grutte portretfoto's fan fjouwer by seis meter komme te hingen. "Daarmee worden die flats beeldbepalend in de wijk."
Njonken fototentoanstellingen yn it wyksintrum en bûtendoar op ferskillende pleintsjes, is der ek in boek ferskynd mei alle foto's. De ûndertitel fan dat boek is 'De rijkste wijk fan Nederland' om oan te jaan dat rykdom net sit yn jild en materieel besit, mar yn talint, gastfrijens, meidwaan wolle en freonlikens.
De ynwenners fan Heechterp ha mei it projekt letterlik in gesicht krigen en dat wie krekt it doel fan de makkers. "Het is geen armoedewijk of Vogelaarwijk. Het is een wijk met mensen zoals jij en ik", seit Groot Haar nochris mei klam.
It fotofestival "Welkom in Heechterp" rint noch oant en mei snein 3 july. Mear ynformaasje is te finen op www.welkominheechtrp.nl
Yn ús programma Buro de Vries is op snein 29 maaie in lange reportaazje te hearren mei Mohammed en Ton Groot Haar.
Welkom in Heechterp