Ferdigener Joost van Aken wol by Hearrenfean bliuwe: "Ik denk dat we er wel uitkomen"
Joost van Aken komt dit seizoen net mear yn aksje foar Hearrenfean, dochs hopet de sintrale ferdigener ynkoarten syn hantekening te setten ûnder in nij kontrakt. "Ik denk dat we er wel uitkomen."
Doe't Van Aken yn febrewaris by Hearrenfean kaam, wie hy net wedstriidfit. Tsjin RKC Waalwijk makke er nei seis moannen blessuereleed syn comeback. Hy wie fuort de bêste man op it fjild.
"Ik heb het zwaar gehad: veel blessures, veel operaties, mensen die me hebben afgeschreven. Mensen zeiden dat professioneel voetbal er misschien niet meer in zat. Dus ik ben blij dat ik heb laten zien dat ik het nog kan", sei er foar de kamera's.
Sportklup Hearrenfean spilet sneintemiddei de twadde heale finale fan de play-offs út tsjin AZ. De earste wedstriid waard mei 3-2 wûn. It duel wurdt streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân radio en it kommentaar komt fan Arjen de Boer. As Hearrenfean AZ útskeakelet, dan spilet de ploech op 26 en 29 maaie de finale tsjin FC Utrecht of Vitesse.
Achterôf soest sizze kinne dat Van Aken miskien te gau syn rentree makke hat, want yn de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo gie it mis. Nei de 1-0 fan Amin Sarr springt er fan bliidskip yn 'e loft, mar rekket dêrtroch blessearre oan syn ljisk. Hy stiet in pear wiken oan 'e kant, mar moat yn de wedstriid tsjin SC Cambuur krekt foar it skoft ynfalle foar de blessearre Nick Bakker.
"Ik had verstandig moeten zijn"
"Die wedstrijd tegen Cambuur stond met hoofdletters in mijn agenda. Daar wilde ik bij zijn en daar heb ik alles voor gedaan. Achteraf gezien had ik misschien iets verstandiger moeten zijn."
"Ik was nog niet volledig hersteld en ik merkte in die wedstrijd al snel dat ik er weer uit moest. Maar ja, ik stond er net in. Ik heb die wedstrijd dus wel uitgespeeld en het is het waard geweest, want ik wist nog de 3-3 te maken. Ik heb ervoor gekozen om toen een risico te nemen en dat heeft achteraf niet goed uitgepakt."
Rjochtsje op takom seizoen
De 27-jierrige Van Aken kaam yn febrewaris werom by sc Hearrenfean en tekene in kontrakt oant de ein fan dit seizoen. De sintrale ferdigener wie transferfrij nei bûtenlânske aventoeren by Vfl Osnabrück en it Belgyske Zulte-Waregem. Dêrfoar spile Van Aken ek al 7 seizoenen foar Hearrenfean. Dêrnei gie er yn 2017 nei Sheffield Wednesday.
Mocht Hearrenfean de finales fan de play-offs helje, dan sil Joost van Aken dêr net by wêze. Hy rjochtet him op takom seizoen. Hearrenfean hat de yntinsje útsprutsen dat se mei Van Aken trochgean wolle.
"Ik heb een gesprek gehad met Ferry (de Haan, red.) en die heeft me verteld dat Heerenveen de intentie heeft om met me door te gaan. Daar ben ik erg blij mee. De club heeft het nu uitgesproken en ik wil ook graag blijven. Dus ik denk dat we er wel uit gaan komen."