Jeanne Bieruma Oosting, berne yn in kâld lân

Jeanne Bieruma Oosting kaam út in rike, Fryske, adellike famylje. Doe't se har âlden fertelde dat se keunstner wurde woe, gong it mis. Yn earmoed folge se har ropping.
Hoewol't Jeanne Bieruma Oosting (1898-1994) allinnich mar de earste jierren fan har libben yn Ljouwert wenne, krige se dochs in bysûndere bân mei Fryslân.
Op har njoggende ferhuze de famylje nei kastiel 'de Cloese' yn Lochem. As se útfanhûs wie by har pake op Huize Lauswolt yn Beetstersweach, siet se graach bûtendoar te tekenjen. Dêr ûntduts se har leafde foar de natoer en har tekentalint. It wie in fruchtbere boaiem foar har lettere bestean as keunstneres.
Sketsboekje út Jeanne har jeugd © Omrop Fryslân
Jeanne groeide op yn ûnmjitlike rykdom. Se wie it earste bern fan âlden ôfkomstich út de Fryske adel (memmekant, Beetstersweach) en it patrisiaat (Oranjewâld, heit syn kant). Har mem wie in dochter út de famylje Van Harinxma thoe Slooten en de Van Sytzama's. Har heit syn famylje, Bieruma Oosting, wie grutgrûnbesitter en beklaaide bestjoerlike posysjes.
Jeanne skilderet yn de tún © Omrop Fryslân
Har famylje woe dat se troude, dat wie ommers it doel fan in famke yn dy tiid en hielendal yn dat miljeu. Mar Jeanne koe har net konformearje oan it libben dat troch har stân- en seksegenoaten laat waard.
Se woe keunstner wurde en gong nei Parys. Se wie in skande foar de famylje en folslein mislearre, sei har heit. Hy neamde har 'de gifswam yn it blombêd' en woe har gjin jild mear jaan. Pas neidat har heit yn 1936 stoar, krige Jeanne in lytse erfenis dêr't se fan rûnkomme koe.
Lauswolt, skildere troch Jeanne Bieruma Oosting © Omrop Fryslân
Hoe kwetsend oft it ûnbegryp en de tsjinwurking fan har famylje ek wiene, it besterke Jeanne yn har foarnimmen om har eigen wei as keunstner te finen.
Susan van den Berg Museum Belvédère Oranjewoud oer Jeanne Bieruma Oosting
Yn de dokumintêre is in bysûnder filmfragmint te sjen út de jierren '80. Jeanne is dan al op hege leeftyd, mar wurket wol troch. Yn dat ynterview fertelt se dat se noait trouwe woe. "Een roeping gaat altijd een rechte weg. Het beweegt zich niet op slingerpaden", sei se.
Jeanne yn in filmfragmint © Omrop Fryslân
Yn fiif musea yn Nederlân, wêrûnder Museum Belvédère yn Oranjewâld en Stichting Nobilis yn De Fochtel, wurdt har wurk dizze simmer tentoansteld.
Jeanne Bieruma Oosting © Omrop Fryslân
Yn de FryslânDOK 'Ik ben geboren in een koud land, niet Lapland maar Friesland' wurdt dúdlik watfoar muoisume wei Jeanne Bieruma Oosting begjin 20e iuw ôflizze moast foar in frij en selsstannich wurkjend libben.
FryslânDOK 'Ik ben geboren in een koud land, niet Lapland maar Friesland'. In portret fan Jeanne Bieruma Oosting.
Sneon 21 maaie op NPO2 15.30 oere (werhelling 22 maaie 13.15 oere)
Snein 22 maaie op Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)