Deputearre Douwstra moat beknibbelje en slút mear besunigjen net út

© Omrop Fryslân
De provinsje moat de kommende jierren 7,2 miljoen euro besunigje. Der lizze nei alle gedachten noch mear besunigingen yn it foarútsjoch. "Us ferwachting is dat it wol moat", seit deputearre Friso Douwstra.
It giet om in grutte besunigingsopjefte, hoewol't deputearre Douwstra it besiket del te bêdzjen. "It is net sa dat der in man oerboard is. Fansels, besunigingen binne altyd pynlik. It leafst jouwe wy it jild út, want it is foar ús mienskip. Dat wurdt oer in pear jier minder, dêr stjoere wy no op foarút."

Romte foar de nije koälysje

Eins is der mar in tekoart fan 2,2 miljoen euro, mar der wurdt noch 5 miljoen ekstra besunige om't koälysjepartijen CDA, PvdA, VVD en FNP dat besletten hawwe yn 2019. "De Steaten hawwe mei it bestjoersakkoart ôfpraat dat der 5 miljoen strukturele romte wêze moat."
Op dy wize moat it folgjende kolleezje mear sykhelromte krije. Hoewol't it om miljoenen giet, wol Douwstra de 7,2 miljoen wol yn perspektyf sette. "It is fan de basisbegrutting fan Fryslân fan 350 miljoen euro krekt wat mear as twa persint. Dus safolle is dat ek net."
Deputearre Friso Douwstra ferwachtet de kommende jierren mear besunigingen
Douwstra sjocht dochs wat mei spanning nei de kommende jierren. Want hy ferwachtet noch wol mear besunigingen. "Dat slút ik net út. As wy de ûntwikkelingen sjogge fan ús breahear, dan binne dy net posityf." Douwstra doelt op feroaringen yn it provinsjefûns, dêr't de provinsjes jild út krije fan it Ryk.
Deputearre Friso Douwstra fynt dat de provinsje net op in te grutte foet libbe hat
Troch it ferkeapjen fan enerzjybedriuw NUON barde de provinsje yn 2009 mear as in miljard euro: in gigantyske finansjele buffer. Dochs is Douwstra net fan betinken dat de provinsje op te grutte foet libbe hat. "Dat hawwe wy net dien. Ik tink wol dat wy in soad jild fan ús sparrekken útjûn hawwe oan goede saken."

Wêrom net earder?

De fraach is oft de besunigingen net better útsmard wurde kinnen hiene. Dat jout Douwstra wol ta. "Polityk sjoen is dat altyd nofliker: it fuort dwaan en net yn it lêste jier fan de perioade. Want it stiet yn it bestjoersakkoart: dat der in struktruele romte wêze moat en datst net alles útjoust fan it salaris."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Friso Douwstra.
Wêrom't Deputearre Steaten dêr net earder mei begûn binne, wit Douwstra net. Hy is noch mar deputearre sûnt oktober ferline jier. "Ik wie der yn persoan net by. It sille altyd politike karren wêze. It is wol sa dat Deputearre Steaten it foarsteld hawwe."
Provinsje makket by besunigingen ûnderskied tusken wetlike en net-wetlike taken
Om't it jild dochs earne weikomme moat, sjocht de provinsje nei wat de kearntaken binne. "De provinsje moat út wetjouwing wei soargje foar ynfrastruktuer, romtlike saken, Frysk yn de basis as twadde Rykstaal. Mar der komme ek in soad dingen boppe-op dy't wat mear yn de sosjalere komponint sitte."
Dy saken 'yn de sosjalere komponint' binne wichtich, seit Douwstra. "Mar it is wol in politike, frije kar."

Diken en farwegen

De provinsje is fan doel om diken en farwegen minder te ûnderhâlden. "Nivo 6 is de ûndergrins fan it Ryk, mar it is gewoan in goede, feilige grins. Wy wolle it leafst wol nei 10. Mar wy sitte no op 7 en geane nei 6. It wurdt der net better fan, dat is wier. Mar it is noch hieltyd in akseptabel nivo."
Fansels fernimme je it wol, want ek in ynvestearring yn in dyk is foar de mienskip en de leefberens, mar net fuort yn de sosjale komponint.
Deputearre Friso Douwstra
Fan de 7,2 miljoen wol de provinsje goed 5 miljoen helje út de fysike romte. Douwstra: "Dat docht de mienskip en de leefberens net fuortendaalks sear. Fansels fernimst it wol, want ek in ynvestearring yn in dyk is foar de mienskip en de leefberens, mar net fuort yn de sosjale komponint."

Taal en kultuer

Deputearre Steaten wolle ek snije yn de Fryske taal en kultuer, want in grut part fan dy subsydzje hoecht net fan de wet. "Deputearre Poepjes sil mei de taal-, kultuer- en museumminsken sjen hoe't wy dat bedrach helje kinne. It is noch net útiten."

Doarpswurk

In oar slachtoffer fan de besunigingen is Stichting Doarpswurk, dy't him ynset foar leefberens. Douwstra wiist derop dat de subsydzje foar Doarpswurk pas nei 2025 ôfboud wurdt.
Neffens de wet is it stypjen fan leefberens net in 'primêre opdracht' foar de provinsje, seit de deputearre. "Ik snap wêrom't it gefoelich leit, want it wurk dat se yn ús doarpen dogge, is o sa wichtich. Myn kollega Fokkinga is dêrmei dwaande. Mar it moat wol mei minder en oar budzjet."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân