Needopfang op It Hearrenfean hâldt op, asylsikers Ter Apel ha oar plak

De Hoekstrahal op It Hearrenfean © Dennis Stoelwinder/GrootHeerenveen
De krisisneedopfang foar asylsikers yn de Hoekstrahal op It Hearrenfean is wer ticht. De hal waard ferline wike ynrjochte foar de opfang fan asylsikers foar wa't gjin plak wie yn it oanmeldsintrum yn Ter Apel.
De needopfang op It Hearrenfean wie geskikt foar op syn meast in wike, mei útrin fan twa dagen. Yntusken binne de lêste asylsikers dy't der sieten op in oar plak ûnderbrocht. De Hoekstrahal wurdt de kommende dagen geskikt makke foar de opfang fan flechtlingen út Oekraïne.