Nasjonaal monumint foar alle fermiste WOll-fleaners by Molkwar

In monumint foar fermiste fleaners by Molkwar
Foar alle fermiste fleaners út de Twadde Wrâldoarloch wie noch gjin nasjonaal monumint. Yn Molkwar binne se dêr no drok dwaande mei.
In lyts stikje Molkwarder grûn is jûn oan Ingelân © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ein juny komt by it doarp in betonnen wjuk fan in meter as fjouwer yn de Iselmar te stean as neitins. De fundearring leit der al. It is op it plak dêr't it lichem fan in Skotse piloat oanspield is.
Syn bommewerper stoarte op 23 juny 1943 by Den Oever del mei yn totaal sân bemanningsleden. Twa binne noait wer fûn. Fan alle sân omkommen loftmilitêren hat de Stichting Molkwar 2000 kontakt mei neibesteanden. Se komme út Nij-Seelân en oeral wei om by de ûntbleating fan it monumint en earetsjinsten foar de slachtoffers te wêzen.
In skip sil de stellaazje mei de betonnen wjuk nei de fundearring bringe op it plak yn de Bocht fan Molkwar. Op de wâl komt in plakette mei ynformaasje en Stichting Molkwar 2000 makket in webside oer it Nasjonaal Monumint 'Missing Airmen'.
Fekke Bandstra fan de Stichting Molkwar 2000 en de makker fan it monumint