Ek nei thúsoerwinning sjocht Hearrenfeantrainer Tobiasen AZ as favoryt

Amin Sarr nei de 2-2 © Orange Pictures
Nei de 3-2 oerwinning op AZ hat Hearrenfean in goeie útgongsposysje om de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal te berikken. Trainer Ole Tobiasen fynt AZ lykwols noch hieltyd de favoryt.
Ole Tobiasen sjocht AZ noch hieltyd as favoryt
"We moeten nog uit naar Alkmaar tegen een hele sterke tegenstander. Zij hebben zoveel kwaliteit als team. We krijgen het echt heel moeilijk daar", seit Tobiasen.

Yn de flow

De wedstriid fan tongersdei jout lykwols wol fertrouwen. Hearrenfean makke in efterstân yn de lêste minuten goed. Dat kaam mei troch in pear goeie wiksels fan de trainer. "Je zoekt iets op met spelers die je inbrengt. Dan moet je natuurlijk ook geluk hebben. Dat geluk hebben we eerder dit seizoen gemist, maar op dit moment zitten we in een flow."
Sydney van Hooijdonk makke yn de twadde helte it iepeningsdoelpunt. De oanfaller hat genoaten fan de sfear yn it stadion. "Dit zijn legendarische avondjes voor mij. Zo'n wedstrijd, zo'n sfeer, zo'n comeback, geweldig. Ik heb intens genoten, maar we zijn er nog niet."

Achtbaan

Kollega-oanfaller Amin Sarr priizge nei ôfrin de mentaliteit fan Hearrenfean. "It wie krekt in achtbaan. Wy kamen op foarsprong, mar doe draaiden sy it om. We makken noch lyk en op it lêst makken we noch in doelpunt. Dat lit ús fjochtersmentaliteit goed sjen."
Sarr makke yn de 90ste minút de 2-2. "Ik krige in moaie bal fan Rami Al Hajj. Hy tikke him mei syn hak nei my. Doe krige ik romte. Ik kapte nei binnen ta en pleatste de bal yn de hoeke."

Perfekte timing

It slotakkoard kaam fan Tibor Halilovic. De Kroäat makke yn blessueretiid de 3-2. "It wie in perfekte timing", seit Halilovic. "Wie hienen in korner. Sy skeaten de bal fuort. Hy waard wer ris ynbrocht en de bal kaam by my terjochte. Doe skeat ik en lokkich gie de bal deryn."
Snein folget de return yn Alkmaar. Middenfjilder Thom Haye ferwachtet dat it spulbyld dan net hiel oars wêze sil. "Het is aan ons om te zorgen dat de organisatie goed staat en dat we van ons afbijten op de momenten dat het kan."