Liander hat mear tiid nedich foar útwreiding Frysk stroomnet

© ANP Foto
Elektrisiteitsnetbehearder Liander wreidet it Fryske stroomnet minder rap út as ferwachte. It gefolch binne lange wachttiden.
Fjouwerhûndert grutte produsinten fan skjinne stroom en grutferbrûkers fan elektrisiteit moatte miskien wol oant trije jier wachtsje op útwreiding fan it elektrisiteitsnet. It is in grutte put en der binne te min technisy en ek te min materiaal, neffens Liander.
De útwreiding fan it elektrisiteitsnet is nedich omdat it besteande stroomnet net berekkene is op sa'n grutte fraach nei stroom en safolle produksje fan skjinne enerzjy troch wyn- en sinneparken.