Gebou yn Ljouwert yn byld as azc, is mooglik oplossing foar krisis yn needopfang

In romte yn de needopfang fan it WTC yn Ljouwert. De romtes binne net ôf te sluten, ien fan de pinepunten yn de opfang. © Leo Middelsé, Lennard Geerts
It COA hat in gebou yn de gemeente Ljouwert op it each dêr't in asylsikerssintrum foar minstens tsien jier fêstige wurde kin. Dat soe de oplossing wêze kinne foar de situaasje yn de needopfang yn it WTC.
Dat liet it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) witte op in ynformative gearkomste yn de gemeenteried fan Ljouwert, woansdeitejûn. Neffens de meiwurker ha se in konkrete lokaasje op it each en hoopje se ein dit jier in plan te presintearjen. Hokker lokaasje dat is, woe it COA noch net taljochtsje.
De gearkomste yn de gemeenteried gie oer de opfang fan flechtlingen yn de gemeente, en benammen oer de needopfang.
Yn de needopfang yn wenje yntusken sa'n 600 flechtlingen sûnt novimber. De opfang wie bedoeld foar in pear wiken, net foar in langere perioade. Dêrtroch libje de bewenners ûnder drege omstannichheden.

Ljouwert prioriteit fan kabinet

Wat ferantwurdlik steatssekretaris Eric van der Burg oanbelanget, is it WTC de earste lokaasje yn Nederlân dêr't in alternatyf foar fûn wurde moat, sei boargemaster Buma nei in petear mei Van der Burg.
We zitten in een hele nare cirkel van asielbeleid dat vastzit.
Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert
Neffens Buma is de situaasje yn it WTC ûnderdiel fan in lanlike krisis. "We zitten in een hele nare cirkel van asielbeleid dat vastzit." Hy doelt dêrmei op it gebrek oan trochstreaming fan statushâlders en flechtlingen.
Troch de ferhjitte wenningmerk rinne gemeenten efter mei it húsfestjen fan statushâlders. Sy bliuwe dêrtroch langer yn asylsikerssintra wenjen, wêrtroch't der gjin plak is foar flechtlingen yn de needopfang.

Gebrek oan plak is knyppunt

De boargemaster ferwachtet net dat de situaasje nei 1 novimber oplost is, omdat yn it neijier ôfspraken ôfrinne mei ferskate pâneigeners dêr't flechtlingen yn wenje.
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert © ANP
Njonken it WTC binne dat Nieuw Mellens yn Ljouwert en Oer 't Hout yn Grou. Neffens Buma is jild gjin knyppunt foar de situaasje, mar de lokaasje.
Dêrom ropt wethâlder Wassink pâneigeners op om mei te tinken oer it probleem. "Iedereen die een geschikte locatie heeft kan zich melden bij het COA en wij als gemeente denken graag mee."

"We doen ons best het zo goed mogelijk te doen"

It COA wie ek oanwêzich by de gearkomste. Lokaasjemanager Miranda Bakker fertelde dat de situaasje yn it WTC ek gjin omstannichheden binne dêr't it COA minsken yn opfange wol, mar dat dit wol de situaasje is.
"We moeten dit samen met de bewoners gaan doen", sei se. "En ervoor zorgen dat het geen verloren tijd is. Daarom hebben we ook een bewonersraad opgesteld en een recreatiecentrum opgericht. We doen ons best om het zo goed mogelijk te doen."

Moasjes takom wike

De ynformative gearkomste krijt takom wike in ferfolch. Dan giet de ried yn debat oer it ûnderwerp. Dan wurde ek de twa moasjes yntsjinne fan de ChristenUnie en PvdA. Dy wolle psychososjale soarch foar de minsken yn de needopfang.