Personielskrapte yn hast alle sektoaren, mar "schaarste bestaat niet"

Oeral hingje se: fakatueren © ANP
Hieltyd mear sektoaren hawwe te krijen mei personielskrapte. Neffens it Centraal Buro voor de Statistiek wie yn it twadde fearnsjier fan 2022 it tekoart oan personiel de grutste beheining yn de bedriuwsfiering fan ûndernimmers.
Dêrom is der woansdei yn de gemeente Súdwest-Fryslân in kongres mei as tema 'Schaarste bestaat niet'. "Wy wolle mei de namme fan it kongres de minsken in bytsje triggerje, want der is fansels in hiel soad krapte op de arbeidsmerk", seit Christien Lycklama à Nijeholt, organisator fan it wurkkongres dêr't de ûndernimmers tips krije.
Undernimmers yn Snits krije help om personiel te finen
"Wy tinke dat dizze krapte krekt brûkt wurde kin as in kâns om minsken oan te nimmen dêr't je net sa gau oan tinke", seit Lycklama à Nijeholt.
Op it stuit binne der foar elke hûndert wurkleazen mar leafst 133 fakatueren. Dat betsjut dat dus net alle fakatueren opfolle wurde kinne.

Fakatueren

Janet van der Horst-Jansen hat in útstjoerburo. Se is ien fan de dielnimmers oan it kongres. Har bedriuw hat bot te krijen mei de personielskrapte. Earder hiene se likernôch in wike nedich om in fakatuere te ferfoljen, mar yntusken is dy tiid oprûn nei fiif wiken yn trochsneed.
"Ik hoop een beetje meer kennis te krijgen over hoe we nog beter mensen kunnen vinden op basis van competenties en niet meer op basis van een heel hard profiel", seit Van der Horst-Jansen.

Sprekkers

Op it kongres binne sprekkers oanwêzich, lykas Jouke van Dijk, heechlearaar Regionale arbeidsmerkanalyze, en ekonomysk ûndersykssjoernalist Sander Heijne. Sawat 150 ûndernimmers hawwe harren ynskreaun.
Christien Lycklama à Nijeholt oer de arbeidsmerk