HEA! Langstme nei de 18de iuw
Ast by Martin en Ytsje Sijbesma fan Kûbaard it hûs binnen stapst, makkest in sprong werom yn de tiid. De Sijbesma's hawwe langstme nei de 18de iuw en besykje te libjen lykas doe.
It tsjerkje dêr't se yn wenje sjocht der út as in lyts museum. It itensieden giet noch op in âld peteroaljestel en de kachel wurdt stookt op koalen.