Cambuur-keeper Pieter Bos moat akút ophâlde fanwegen hertproblemen

Pieter Bos earder dit seizoen, út tsjin Vitesse © ANP
Cambuur-keeper Pieter Bos (25) hâldt fanwegen hertproblemen fuort op mei fuotbal. Dat beslút is naam op advys fan medysk spesjalisten.
Undersyk hat útwiisd dat Bos hertproblemen hat, wêrtroch't it net mooglik is om topsport op in feilige en ferantwurde wize út te oefenjen.

Persoanlik drama

Technysk manager Foeke Booy is oandien. "Dit is vooral een persoonlijk drama voor Pieter zelf. Zo'n nieuwsbericht ontvangen als topsporter en dat ook nog eens op zo'n jonge leeftijd is ronduit verschrikkelijk en het mag voor zich spreken dat we hem als club en team zullen steunen waar we maar kunnen."
Bos kaam yn 2016 by SC Cambuur. Hy is dêrmei de spiler út it earste alvetal dy't it langst aktyf foar de klup is. Hy kaam njoggen kear út yn in offisjele wedstriid en makke ûnder oare yndruk by de útwedstriid by Vitesse yn de earedivyzje.
Foeke Booy: "Ronduit verschrikkelijk" © Orange Pictures
Earder dit seizoen hie Cambuur ek al te krijen mei oare sûnensproblemen. Trainer Henk de Jong hat in kyste yn de holle en makke it seizoen net ôf. Foeke Booy krige in harsenynfarkt. Hy is yntusken wer oan it wurk by de klup.
Technysk manager Foeke Booy oer it minne nijs