Polityk wol psychososjale help foar minsken yn needopfang WTC

In 'wenromte' yn it WTC yn Ljouwert © Leo Middelsé, Lennard Geerts
De ChristenUnie en PvdA yn Ljouwert meitsje har grutte soargen oer de minsken yn de needopfang fan it WTC. In protte minsken dêr ha klachten of suïsidale gedachten. Se krije gjin help.
De partijen sille nije wike woansdei dêrom in moasje yn de gemeenteried yntsjinje dy't it kolleezje opropt om te soargjen foar pychososjale help foar minsken yn de needopfang.

Skealike situaasje

Yn de moasje stiet dat organisaasjes lykas Unicef oanjouwe dat de situaasje yn it WTC skealik is foar de ûntwikkeling fan bern. Ek soene minsken sa wanhopich wêze dat de spanningen yn de hal hieltyd fierder oprinne.
Carlijn Niesink (ChristenUnie) © Omrop Fryslân
Carlijn Niesink fan de ChristenUnie fynt de situaasje tige ûnwinsklik, hielendal foar de bern. De help dy't der is, is bot rjochte op it lichaamlike. "Wij zeggen: zorg ook dat er aandacht is voor het psychologische deel. Wij horen ook van vrijwilligers dat er steeds meer vechtpartijen zijn onder kinderen. Zij zien volwassenen vechten en ze kopiëren dat."
Iedereen wijst naar elkaar, daar ben ik wel klaar mee.
Carlijn Niesink (ChristenUnie Ljouwert)
Niesink fynt dat Ljouwert as gemeente mear dwaan kin. "Iedereen wijst naar elkaar, daar ben ik wel klaar mee. Waar ligt wel onze verantwoordelijkheid en invloed? Laten we die pakken en dan verder werken."

Oplossing foar de bern

Sy skammet har derfoar dat hieltyd mear WTC-bewenners efterút geane. Yn in moasje pleitet sy derfoar dat der gjin bern mear opnommen wurde en dat foar de simmer noch in oare oplossing fûn wurdt foar de bern dy't no sitte.
Carlijn Niesink fan de ChristenUnie
It kolleezje wurdt oproppen út te sykjen hokker mooglikheden der binne om help te bieden oan de bewenners fan de needopfang. Ek soe sjoen wurde moatte oft it Leger des Heils miskien wat betsjutte kin.

COA wol ôf fan needopfang

Tiisdei waard ek bekend dat it COA fynt dat de asylopfang yn us lân oars moat. De organisaasje dy't de opfang fan asylsikers regelet wol graach hielendal ôf fan needopfanglokaasjes, stiet yn it jierferslach fan de organisaasje. Dêryn wurdt ek sein dat it COA 'syn grinzen berikt hat'.
"Voor de lange termijn zit naar ons stellige idee de oplossing in het realiseren van meer duurzame locaties", sizze foarsitter Milo Schoenmaker en bestjoerslid Joeri Kapteijns. "Dat is in het belang van onze medewerkers, bewoners en van gemeenten. En van de samenleving als geheel."