Resinsje Under Wetter fan Tryater: Undergong yn skjintme

Henk te Biesebeek beskôget © Omrop Fryslân
De lokaasjefoarstelling Under Wetter fan Tryater giet oer ferlies oan tradysje en doarpskultuer. En noch folle mear. De hege ferwachtings troch alle publikaasjes foarôf wurde net hielendal wiermakke. Mar de ein is spektakulêr: in ûndergong yn skjintme.
"Wolkom op it feest fan de natoer. De iisbaan is wer iepen!" Foar eefkes it sintrum fan it doarp, sintrum fan 'e wrâld. Tryater hat foar de lokaasjefoarstelling Under Wetter wer tradysjegetrou útpakt. In iepenloftspektakel oer tradysjes en mear. Want alles feroaret.
Akteur Joop Wittermans nimt it publyk as de geast fan pake Hendrik daliks oan de hân. In wite ingel as alwittende ferteller. Hoe't de konsumpsjemaatskippij tradysjes sneuvelje lit. Sa as it fenomeen fan de iisbaan yn in doarp. Dêr't de hiele mienskip byinoar komt, dêr't leafdes opbloeie en skeel yn it deistich libben útpraat wurde kin. Doarpskultuer yn optima forma.

Undergong

Mar dochter Afke, wat wer in prachtige rol is fan Tamara Schoppert (!), hat krekt dat stikje lân nedich om har pleats fan de ûndergong te rêden. It bedriuw draait al jierren mei ferlies. Boppedat liket mei it opwaarmjen fan de ierde it reedriden ek foargoed foarby. Plannen foar de bou fan enerzjyneutrale huzen op dit stikje grûn lykje foar alle partijen in útkomst. Al is it mei pine yn it hert.
Boerinne Tamara Schoppert mei Rogier 't Hout as har boekhâlder en Joop Wittermans as pake Hendrik © Anna van Kooij
Mar dat is bûten it eigen doarp om rekkene. De mienskip lit him jilde. De nije foarsitter fan de iisklup slipet it swurd. It hiele doarp wurdt oproppen ta in hast hillige oarloch. Boerinne Afke wurdt yn de lokale supermerk troch eigen folk útskolden...

Mearwearde

Wat hat lokaasjeteäter dan in mearwearde. De akteurs rinne, nee fleane fan links nei rjochts oer it fjild. En wer werom. Wat in dynamyk. Dan falt ek op hoe't de eleminten út de natoer sels in wêzentlike bydrage leverje oan it totale toanielbyld. De ûndergeande sinne as mearke-eftige oanfolling op it teäterljocht. De fûgels dy't sjonge, in molkwein dy't lâns de hoarizon rydt. Artistike mearwearde.
Dûnsselskip Ivgi en Greben yn Under Wetter © Anna van Kooij
Spitgernôch jildt dat net foar alle sênes wêryn't de dûnsers fan it selskip Igvi & Greben 'acte de présence' jouwe. Somtiden komt har bydrage sels wat befrjemdzjend oer en liedt it ôf fan de eigentlike foardracht. De kearnfraach wat dan noch de tafoege wearde is lit him dreech beäntwurdzje.

Goed en kwea

Dat soe dan mooglik yn in sêne fan de massale fjochtpartij wêze kinne. As de foarstanners fan de iisbaan de boekhâlder fan boerinne Afke as kweade genius oanwiisd hawwe. Moai dy metafoar. Hoe maklik dat in lyts skeel him ûntwikkelje kin ta in striid op libben en dea.
Al wurdt al gau net dúdlik wa't no tsjin wa fjochtet. "As je tichtby de minsken stean, sjogge je grutte ferskillen. As je harren fan fierôf beskôgje, lykje se allegear deselde. En falle goed en kwea net maklik te ûnderskieden", is it boadskip fan pake Hendrik oan it neiteam.
Joop Wittermans op de iisbaan fan Wergea © Anna van Kooij
Underwilens giet de foarstelling wer yn folle feart fierder. Werklik alle fasetten fan de hjoeddeiske wrâldproblematyk komme oan bod. De takomst fan it boerebedriuw, de beheiningen dy't boeren troch de oerheid oplein wurde, it opwaarmjen fan de ierde en it teloargean fan tradysjes en doarpskultuer.

Tiidsprong

En krekt as je benijd binne hoe't dit allegear ôfrinne sil, pakt pake Hendrik as alwittende ferteller it publyk by de hân en tilt ús jierren letter de takomst yn. Want alles is yn beweging en feroaret. Ek it klimaat dus. En as Fryslân ûnder wetter streamt, bliuwt in bytsje oer fan idealen. Pats, boem. Mei grutte stappen binne je gau thús. En ek oan de ein fan dit ferhaal dus, al is dy tiidsprong wol hiel grut.
Undergong yn skjintme © Anna van Kooij
Dat slotstik is oars wol fisueel in keunstwurk. Fan grutte technyske klasse. De ljochtkeunstwurken fan Daan Roosegaarde binne der neat by. De ferbylding fan it wetter dat alle lân oerstreamt. It hiele doarp moat evakuearre wurde. En wat stelle tradysjes dan noch foar?
Fuortgean is dan de iennige remeedzje. En fuortgean kin elkenien. As it moat. Gewoan je koffer pakke en fuortwêze. It publyk kin net ûntkomme oan dy benearjende emoasje. In ûndergong yn skjintme!
Yn it radioprogramma Op & Ut besprekt ferslachjouwer Henk te Biesebeek alles wat him yn Fryslân ôfspilet op kultureel mêd. Syn resinsjes ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân.