Fries yn Lviv oer songfestivalwinst: "It jout it gefoel dat Europa efter je stiet"

Willem Nammensma © Eigen foto
De songfestivalwinst foar Oekraïne jout de minsken yn it lân in "fijn gefoel", seit Fries om utens Willem Nammensma. De Seisbierrumer wennet en wurket yn it Oekraynske Lviv.
"Dat sels Europa by soks efter je stiet. Dat jout wol echt in sinjaal. De minsken skreaunen op sosjale media: 'We hoopje dat Europa sa as se no stipe hawwe by it songfestival, dat se dat ek dwaan bliuwe yn de oarloch. Sadat we nei de oerwinning kinne'", seit Nammensma.

Raketoanfal

It is de lêste tiid relatyf rêstich yn de omjouwing fan Lviv, mar yn de nacht fan sneon op snein gie dochs it loftalarm wer. "De lêste wiken hiene we gjin loftalarm mear", seit Nammensma.
Der waard frij gau bekend dat der yndied in tal raketten ôffjurre wie. Fjouwer fan dy raketten kamen del op in militêre basis yn de buert fan Lviv, dy't dêrby folslein ferwoaste waard.
"Dan fernimme je wer dat je gewoan ûnder fjoer lizze. Dizze raketten binne 1.500 kilometer fierderop lansearre, út in ûnderseeboat wei. Dat jout wol wer in ekstra sinjaal rjochting Europa dat Ruslân noch net 'weromdeinst' op it stuit", seit de Fries.

Weromkomme

Dat der de lêste tiid minder raketoanfallen binne yn Lviv soarget der ek foar dat guon Oekraïners dy't op de flecht wiene wer weromkomme. Neffens Nammensma is dat lykwols net sa'n goed idee: "Want it gebrek oan brânstof is op it stuit echt hiel grut."
It leger en bedriuwen dy't soargje foar de itensfoarsjenning krije foarrang. Dat betsjut dat partikulieren fjouwer oant fiif oeren yn de rige stean moatte om tsien liter brânstof te tanken.
"De reserves dy't der oan it begjin fan de oarloch wol wiene, binne der no net. Dus as der no wer ris in offinsyf of oanfal bart, wêrfan't minsken tinke: 'No moatte we hjir dochs wer wei'. Dan binne je dus hiel beheind en dan sitst as in rôt yn 'e falle", seit Nammensma.
Willem Nammensma oer de situaasje yn Oekraïne