De skaadkanten fan de Ofslútdyk yn muzyktëaterstik 'Het Verdriet van de Zuiderzee'

De skaadkanten fan de Ofslútdyk
Der komt fan 't simmer in grutte lokaasjefoarstelling by de Iselmar. It giet oer de skaadkanten fan de ôfsluting fan de Sudersee. De see, de kustplakjes en de fiskerij binne 'deamakke' en dêr hearst gjinien oer, fertelt de regisseur.
Muzyteäterselskip Orkater en skouboarch De Lawei wurkje gear yn 'Het Verdriet van de Zuiderzee' lykas se yn 2018 dienen mei 'Lost in the Greenhouse'. Dy foarstelling wie yn de kassen by Seisbierrum.
"De Ofslútdyk hat feilichheid, nij lân en ekonomyske foarútgong brocht, mar der binne ek skaadkanten. Hjir is hast gjin omtinken foar", sa fertelt regisseur Geert Lageveen.
Eins is der in see 'deamakke'.
Regisseur Geert Lageveen
"Eins is der in see 'deamakke'. Fiskers koene net mear fiskje en in hiele kultuer ferdwûn hjirmei." Hy is derfan oertsjûge dat de Ofslútdyk der hjoed-de-dei nea kommen wêze soe, fanwege de belangen fan de natuer.
It ferhaal wurdt út it perspektyf fan fûgels wei ferteld. Sytze Pruiksma is ien fan de komponisten. Yn syn wurk docht er in soad mei fûgellûd lykas bygelyks yn it stik 'Kening fan de Greide'. "Ik nim donker slachwurk mei en fûgelfluiten. En hearst fansels de Iselmar."
'Het Verdriet van de Zuiderzee' wurdt spile by it Aldemardumer Klif. Yn augustus begjint it.