Put foar ierdwaarmte Ljouwert smyt minder op as hope, twivel oer takomst

Put foar ierdwaarmte Ljouwert smyt minder op as hope, twivel oer takomst
De put foar ierdwaarmte by Ljouwert smyt minder waarm wetter op as ferwachte. Dat docht bliken út de nijste resultaten fan proefboarrings dy't yn april útfierd binne.
De ôffallende opbringst is min nijs foar de partners dy't gearwurkje yn it projekt Geocombinatie Leeuwarden. De kommende fjouwer wiken wurdt besjoen hoe't it no fierder moat.
De earste test yn oktober ferline jier foel al bot ôf en levere folle minder waarm wetter op as hope. De projektpartners wienen doe benaud dat it projekt net trochgean koe.
Yn de moannen dêrnei is de kapasiteit fan de pompynstallaasje flink fergrutte yn de hoop dat der no wol genôch wetter oppompt wurde koe. Neffens de projektpartners moast dat kinne, omdat de put goed en grut genôch is.
We hadden liever een andere boodschap gehad uit de testen.
Wurdfierder Gert Schurer fan Geocombinatie Leeuwarden
Dat blykt no ôf te fallen, fertelt wurdfierder Gert Schurer. Der is wol in ferbettering fan de opbringst ferlike mei oktober. Mar dy is net sa grut as hope. "De put heeft een beperkte capaciteit. We moeten de komende vier weken met behulp van techneuten en specialisten kijken hoe we de opbrengst kunnen verhogen, zodat het projekt verder kan."
It doel fan it projekt is om genôch waarmte op te wekken foar sa'n 8000 húshâldens. Sikehûs MCL en de Achmeatoer yn Ljouwert binne al as ôfnimmers fêstlein. De fraach is no oft dat goedkomt.
Schurer seit dat it draachflak by de partners (Shell, Ennatuurlijk, EBN en Dijkstra Draaisma) grut is. "Het zou prachtig zijn als het project door kan gaan en die hoop is er ook nog steeds. Maar we hadden liever een andere boodschap gehad uit de testen. Dat mag duidelijk zijn."
De ierdwaarmte-ynstallaasje by Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries