Partoer Steenstra wint yn Dronryp: te sterk foar Kingma yn finale

Keatsers Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar ha de twadde frijeformaasjepartij fan it seizoen wûn. Yn Dronryp pakten se yn de finale de winst op it partoer fan Enno Kingma.
Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra © Henk Bootsma
Yn de finale fan de Eise Eisingapartij tsjin Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten wie it begjin net geweldich foar Steenstra-en-dy. Op 2-1 6-6 drigen se sels in spul efter te kommen. Dat barde net: it waard lyk en de spanning wie hielendal werom.
Letter pakte it partoer fan Steenstra nochris in buordsje op 6-6. Op 5-3 6-6 hellen se de oerwinning binnen mei in boppeslach fan Wassenaar.

Alles oan 'e hang

Steenstra, Hiemstra en Wassenaar hellen de finale troch op de twadde list te winnen fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Dy lêste foel yn foar de blessearre Erwin Zijlstra. Mei alles oan 'e hang pleatste Steenstra in sitbal tsjin syn âlde maten.

Steenstra sterk

"Dat wie in close call", sei Hiemstra nei de finale. "Dy manlju keatsten geweldich. Gert-Anne sloech hiel goed op." Hiemstra kaam mei syn maten sels op 5-3 achterstân. "Mar Tjisse wie de hiele dei geweldich. Op de belangrike punten stie er der."
Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra © Henk Bootsma
Ferline wike gong de finale foar Steenstra, Hiemstra en Wassenaar noch ferlern, doe tsjin it partoer fan Marten Bergsma, dat yn Dronryp net fierder kaam as de twadde omloop. "It is wat raar sein, mar ik win leaver hjir yn Dronryp as yn Frjentsjer", sei Hiemstra. "It wurdt hjir aanst in moai feest."

Dijkstra tredde

It tredde plak yn Dronryp wie foar Paul Dijkstra, René de Haan en Hendrik Bouwhuis. Dy gongen op 5-4 6-6 ûnderút yn de heale finale tsjin Kingma-en-dy.
Wassenaar waard keazen ta kening yn Dronryp.
Hans Wassenaar © Henk Bootsma