Liveblog | 15 maaie 2022

Nyck de Vries wint yn Berlyn | Seizoen Aris foarby

Wolkom yn dit liveblog. Hjir koest de Fryske topsport fan 15 maaie folgje.

  • Hearrenfean pleatst him foar de play-offs om Europeesk fuotbal;
  • Cambuur wint yn Grins en einiget dêrmei as njoggende;
  • It partoer fan Tjisse Steenstra wint it keatsen yn Dronryp;
  • Nyck de Vries pakt de oerwinning yn de Formule E yn Berlyn;
  • Foar Aris is it seizoen foarby, nei in nij ferlies yn de play-offs.
Lêst bywurke: 15 maaie 2022, 19:09
19:52

Ein fan dit sportblog

Hjirmei slute we it sportblog fan dit wykein ôf. Tank foar it folgjen!
19:04

Seizoen Aris foarby

It seizoen foar Aris is foarby. De Ljouwerter basketballers ferlearen yn de play-offs fan de BNXT League ek de twadde wedstriid fan Okapi Aalst.
Fan 'e wike gong Aris thús al mei 61-78 ûnderút tsjin de Belgen. Om troch te gean, moast Aris dus mei 18 punten ferskil winne yn Aalst. Dat slagge lang net: it waard 83-67.
19:01

De reaksjes nei Hearrenfean - Go Ahead Eagles

18:03

De reaksjes nei Grins - Cambuur

17:41

Winst Nyck de Vries

Nei in teloarstellende race juster, hat Nyck de Vries hjoed de achtste race yn de Formule E wûn. Op it âlde Tempelhof-fleanfjild yn Berlyn ried er dominant en kaam er as earste oer de streek. Syn ploechgenoat Stoffel Vandoorne waard tredde.
Yn de stân klimt de Fries nei it sechsde plak, mei 65 punten. Vandoorne giet oan de lieding yn it klassemint; de Belch hat 111 punten.
It seizoen sit no op 'e helte. Begjin juny is de folgjende race, yn Jakarta (Yndonezië).
17:24

Keatserij Dronryp proai foar Steenstra

Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra © Henk Bootsma
De winst by it haadklassekeatsen yn Dronryp is foar Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. Se wûnen yn de finale fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten.