Paus ferklearret Fryske pryster Titus Brandsma hillich

Pater karmelyt Titus Brandsma (1881-1942) is opnommen yn de kanon fan de hilligen fan de roomsk-katolike tsjerke. Paus Franciscus spruts de hillichferklearring fan de Fryske pryster, en dy fan njoggen oare religieuzen, sneintemoarn út op it Sint-Pitersplein yn Rome.
Sa waard Titus Brandsma hillich ferklearre:
Tûzenen belangstellenden, ûnder wa ek Fryske pylgers, wennen de hillichferklearring by. It is in bysûnder barren, want yn de kanon stean tûzenen nammen, mar Nederlân krige der yn de lêste hûndert jier mar fiif hilligen by.

Wûnderbaarlike genêzing

Om hillich te wurden moat in kandidaat earst sillich ferklearre wêze, lykas mei Titus Brandsma al yn 1985 barde. De kandidaat-hillige moat in troch in spesjale kommisje út it Vatikaan fêststeld wûnder dien hawwe. Brandsma soe soarge hawwe foar de wûnderbaarlike genêzing fan in Amerikaanske pater dy't ûngenêslike kanker hie.
Biskop Ron van den Hout fan bisdom Grins-Ljouwert mei Fryske pylgers © ANP
Leauwigen út de hiele wrâld kinne tenei ta Sint Titus bidde, want hy is neffens de tsjerke no de foarspraak foar minsken op ierde.

Patroanhillige foar de sjoernalistyk?

Faak is in hillige ek beskermer fan in stêd of beropsgroep. Katolike sjoernalisten út Nederlân en België wolle dat Brandsma de patroanhillige foar de sjoernalistyk wurdt, om 't er yn syn libben ûnder mear as sjoernalist wurke.

Fersetsferline

Titus Brandsma wurdt yn Nederlân al jierren eare, benammen fanwege syn fersetsferline yn de Twadde Wrâldoarloch. Der binne tal fan strjitten, skoallen, parochys en ynstellingen nei him neamd. Brandsma krige yn 1982 it Verzetsherdenkingskruis.
De Fryske flagge wapperet op it Sint-Pitersplein yn Rome © ANP
Yn Oegekleaster by Boalsert, it berteplak fan Titus Brandsma, is in flaggemêst delset. Dêr is om tsien oere, by it begjin fan de seremoanje, de flagge omheech gien. De mêst stiet by it monumint ta neitins fan Brandsma.
© Eigen foto